Evenementen

Algemeen - Boeren om Ljouwert hinne iepenje harren doarren

Adres
Locatie Toer de Boer
Land Nederland
Evenement informatie
za 22 april t/m do 01 januari 1970
Categorieën Algemeen

Op sneon 22 april iepenje 15 melkfeebedriuwen yn en om Ljouwert tusken 10:00 en 16.00 oere harren doarren foar publyk by 'Toer de Boer'. 

De iepen buorkerijrûte wurdt om 10.00 oere iepene yn Jellum op de buorkerij fan de famylje Andreae. Wethâlder Evert Stellingwerf fan de gemeente Ljouwert tapet dêr de earste flesse molke fan Melktap Jellum, de molketaap wurdt dêrmei feestlik yn gebrûk naam. De toer is in inisjatyf fan Regio Deal Natuurinclusieve Landbouw. De dielnimmende boeren oan ‘Toer de Boer’ litte sjen wat sy op harren bedriuw oan natuerynklusive duorsume lânbou dogge. Tink dêrby oan kij yn de greide, greidefûgelbehear, krûderyk gerslân, foerhagen,  boaiemprojekten en lokaal iten út de streek. De boeren passe yn harren bedriuwsfiering hieltyd mear natuer ta en dêr binne se grutsk op. Se wolle sjen litte dat sy in positive bydrage leverje kinne oan bioferskaat, klimaat en lânskip.

 

Aktiviteiten foar jong en âld

De boerebedriuwen organisearje ferskate aktiviteiten. Fan útlis oer foerrobots oant de wurking fan in wynmûne mei houten wjukken. Bedriuwen dy't folslein automatisearre binne komme oan bod mar ek de skiednis fan de lânbou yn it, foar de gelegenheid fergees tagonklike, Lânboumuseum. 'TikTok-boer' Jan Woudstra fan Menaam leit út wat foerhagen binne en op de pleats yn Jellum wurdt útlein wêrom't huningbijen sa wichtich binne. Om Stiens hinne kinst in spesjaal boereprogramma kuierjend (Stappen in Stiens) of fytsend belibje. 

 

Boeren rondom Stiens

A.Maatschap de Boer-Talsma Harnsterdyk 7 | Gemengd bedrijf, koeien, kippen en energie

B. Maatschap Anema-Jukema Truerderdyk 30 | Melken en vogelkijkhut

C.Melkveebedrijf Fam. Zeinstra Wurgedyk 8 | Trekkers en machines, wat eten koeien?

D.Maatschap Zeinstra-v.d. Ende | Trijehoeksterdyk 7 | Melkrobots, automatisch voeren, van kalf tot koe, springkussen

E.Maatschap Dijkstra-Roorda Tichelwurk 21 | Koeien, melkrobot, info biodiversiteit, plasdras & Snacks 

 

Fierder binne der springkessens, speurtochten, in greidesafary en kofje op it foerpaad. Koartsein genôch te belibjen foar jong en âld. Kom te sjen by de boer en doch de ‘Toer de Boer’ op 'e fyts, kuierjend of mei de auto. Op www.regiodealnatuurinclusievelandbouw.nl is in oersjochkaart mei alle pleatsen en in programma it bedriuw te finen

Lees meer »