Algemeen

Bakkerij Nico & Aeltsje kampioen brea en kampioen sûkerbôle!

Woansdei 13 novimber wie in spannende dei foar bakkers út hiel Nederlân. De deis dêr foar hiene se har produkten ynlevere, dy’t dyselde jûn noch troch in deskundige jury keurd waarden.

Nico dy’t de trofee foar it brea yn ûntfangst nimt en Niels mei de sûkerbôle trofee.

En dan is it ôfwachtsjen, wafalt der yn de prizen. En wa giet mei de haadprizen oan de haal?

Nico hat jierren yn de jury sitten, en dan docht men yn de regel net mei oan de wedstriid. Mar dit jier stie it nije en jonge tiim fan ús bakkerij te popeljen, om sjen te litten wat men yn syn of har mars hat. En sa waarden der ferskillende produkten ynlevere foar de keuring. En mei resultaat: prizen op de fulkoeken, de brekbôle, de desemstokken en…Nederlânsk kampioen roggebrea. En nei dizze ferrassing kaam der noch ien: Nederlânsk kampioen sûkerbôle! Suver fer-bjustere waarden dizze trofeeën yn ûntfangst nommen, de allerlêste twa, dy’t útrikt waarden!

Wy meie ús it kommende jier dus de bêste breabakker en de bêste sûkerbôlebakker fan Nederlân neame. Binne wy bêst wol in  bytsje grutsk op…Mar foaral binne wy grutsk op ús tiim, dat har der foar mear as 100% foar ynset om kwaliteit te leverjen! Dat belooft noch wat foar de takomst.