Algemeen

Bioferskaat.frl: in bioferskaatsplatfoarm foar Fryslân

It digitale platfoarm Biodiversiteit.frl is op 3 novimber offisjeel lansearre. It is in groeiend platfoarm dat yn it libben roppen is om besteande kennis oer biodiversiteitsherstel, projekten, organisaasjes en aktiviteiten yn de provinsje op ien sintraal plak byinoar te bringen. Mar ek om noch ûntbrekkende kennis en ynformaasje oan te foljen.

It platfoarm is gebietsrjochte ynrjochte, it lit de besiker earst neitinke; wêr wol ik oan 'e slach? Op it platfoarm is Fryslân yndield yn njoggen gebieten. Bygelyks it Lege Midden, it Waad en de Súdlike Wâlden. Dy yndieling en de byhearrende kânsen foar biodiversiteitsherstel binne ûnder oaren ynspirearre op de fisy Natuerlik Fryslân 2050. Der binne foarbylden te finen fan wat der al oan inisjativen en projekten is yn dy gebieten, hokker kânsen foar it fersterkjen fan bioferskaat der binne en ek hokker kenmerkjende soarten der foarkomme óf foarkomme kinne.

Breed publyk
Der is ynspiraasje te finen foar in breed publyk. Fan boarger oant oerheid en fan boer oant organisaasje of bedriuw. Bioferskaat.fr l befettet tips en aksjes foar dy ferskillende doelgroepen, mei as haadfraach ‘Wat kin ík dwaan?’ Der is nij ûntwikkele ynformaasje, mar der wurdt ek ferwiisd nei al besteande hantrekken en ynformaasje fan de partnerorganisaasjes. Ek sit der in loketfunksje yn. Hjir kinne minsken, bedriuwen en organisaasjes terjochte mei advysfragen oer harren projekt. De partners efter it platfoarm advisearje dan of ferwize troch nei de goede partijen foar dat ûnderwerp. It platfoarm sil net opnij it tsjil útfine, mar wol foaral in paadwizer wêze. It platfoarm hat him no rjochte op basisynformaasje, mar bliuwt trochgroeien. Nije ynformaasje, inisjativen en projekten, nijs en eveneminten kinne fia Biodiversiteit.frl oanmeld wurde. Takom jier wurde der op it platfoarm hantrekken de Fryske leefgebiet (biotopen) dield. Dizze wurde op it stuit troch in konsortium oan soartgroeporganisaasjes ûntwikkele.

Herstelprogramma
Biodiversiteit.frl is ûnderdiel fan it Herstelprogramma Biodiversiteit Fryslân. Yn it herstelprogramma sette ferskate partners yn op it fersterkjen fan bioferskaat yn de provinsje. Om foar in better leefgebiet te soargjen foar kwetsbere soarten lykas de otter, de noardske wrotmûs, greidefûgels lykas de skries, mar ek bysûndere kikkerssoarten, libellen, fisken en ynsekten. Mei as doel de delgeande line fan soarterykdom om te bûgjen nei in opgeande line.

It platfoarm is yn opdracht fan provinsje Fryslân ûntwikkele troch Kening en de FMF yn gearwurking mei de partners fan it Herstelprogramma en webdesignbureaus de Staat van Creatie en Statuur.