Algemeen

Build and Be op paad mei Fryske boeken

Build and Be is in ploech fan 15 minsken út Britsum, Koarnjum en Jelsum dy’t yn july 2020 meihelpen giet om stiennen húskes te bouwen yn Tanzania foar de allerearmste minsken dy’t no faak yn hiele primitive hutsjes libje.

Om foar dit projekt jild by mekoar te krijen, binne we dwaande mei in hiel soad aksjes. Sa geane wy tiisdeitejûn 28 maaie fan 18.30 oere ôf Fryske boeken suteljen yn Britsum, Koarnjum en Jelsum. Wy komme mei kroaden fol boeken del. Alle minsken yn dizze doarpen ha de ôfrûne wike al in folder fan ‘Sutelaksje 2019’ troch de bus krigen. Foar de minsken bûten dizze doarpen dy’t gjin folder krigen ha, mar dy’t dochs graach in boek fia ús bestelle wolle en dêrmei ús stypje, stiet de folder op ús Facebook-side: Build and be. Stjoer in mail nei Buildandbe@hotmail.com of belje nei 0651230947 om in boek te bestellen.Wy rekkenje op dyn en jo stipe foar ús projekt. Help ús helpen! Keapje in moai Frysk boek. Is it net foar josels, dan in prachtich printeboek foar de bern of bernsbern