Algemeen

“Do moast de auto al wat tichter tsjin de garaazjedoar ride”, sei ik tsjin Geartsje, “want oars kin der wolris gjin plak genôch wêze foar de auto fan ús besite”. Deis derfoar krigen wy in tillefoantsje fan Martsje dat sy en Willem de oare middeis wol lâns komme woenen. 

Doe’t ik yn 1970 by de fa Tacoma wurke, kaam Willem dêr ek oan it wurk. Om’t wy sa’n bytsje fan deselde leeftiid wienen en beide yn Stiens wennen, kamen wy wol gauris byinoar oer de flier. De froulju koenen it ek goed mei-elkoar fine. Wy wennen yn de Juckemastrjitte en sy wennen yn in wenwein op de tún by Mook. Op beide plakken koenen wy gesellich sitte en dat waard yn dy tiid ek geregeld dien. It waard noch geselliger as Sape der ek by siet.

Ik wit noch skoan dat wy nei de finale fan de Europacup sieten te sjen en we de lege fleskes op ’e tafel stean lieten. It wie in langwerpich smel tafeltsje en we begûnen fan út it midden wei de lege fleskes del te setten nei de beide kanten ta. Op ’t ein fan ’e jûn hienen wy de lange kant fol stean.  

 

Nei dat Willem en Martsje út Stiens weigienen en úteinlik yn it Lege Midden boer waarden is dat altyd wat yn stân bleaun. Net dat we mekoar de doar platrinne, want it is ek al wer in pear jier foar de coronatiid dat we mekoar foar it lêst troffen ha. 

No kamen sy wer by ús op besite. Ik wist einlikst net wat ik der fan ferwachtsje koe, want Willem en Martsje hawwe harren bedriuw ferkocht en yn Boarn in hûs oan it wetter kocht, mei sa’n fjirtjin meter kade. Hoe soe harren libben no feroare wêze? Troch dy transaksjes fan de ferkeap fan harren spul binne der wat sinten om hannen kaam. En mei dy hege lânprizen hat it miskien noch wol in ekstra bûssint opsmiten. Miskien hawwe sy ynvestearre yn in grutte boat. In boat, sa grut, dat de fjirtjin meter kade wolris oan de krappe kant wêze kin. 

Ik liet al yn my omgean hoe sy moarn by ús foar de doar stean soenen. Miskien hienen se wol sa’n grutte auto dat ús oprit oan de koarte kant wie en ús eigen auto miskien wol by de buorlju op it hiem stean moast. Ik seach se al út de auto stappen, Willem yn it streekjespak en glêd poetste skuon om ’e fuotten, wylst hy oars op klompkes by ús it hiem op rinnen kaam. Ik sjoch Martsje al it portier iepen-dwaan en, wylst sy har siden sjaaltsje te plak leit, út de auto komt en yn in kreas mantelpakje mei hege hakjes by ús op it hiem stiet. 

 

Ik hie Geartsje ek al warskôge dat we miskien ek wat oar drinken yn hûs helje moasten om’t in gewoan bierke en in gleske sinesappelsop wol net foldwaande wie. Mar nei yntern berie hawwe wy it der úteinlik mar op oankomme litten.

Tsjin trijen, de oare deis, kaam in knappe auto by ús de strjitte ynriden en ried by ús it hiem op. Der wie romte genôch. Martsje stapte yn har spikerbrûk op har gympies en mei in bosk blommen ûnder de earm út de auto. It sjaaltsje waard wol efkes teplak lein om’t de sinne in skoftsje wei wie. By Willem duorre it wat langer om’t de leeftyd him, wat fluggens oanbelanget, ek al parten spilet. Boppedat sieten de Scherjontsjes in flugge útstap yn ’t paad.

 

Wy hienen de foardoar al fan de heak, mar doe’t wy se sa oankamen seagen ha wy oanjûn dat se wol efterom komme koenen.

It gie al gau wer op de âlderwetske wize sa’t wy wend wienen. Kopke kofje mei wat lekkers om der wat yn te kommen en dan al rillegau oergean nei it spul út in grien fleske mei in dop der op. Ek no waarden der wer ferskate anekdoates nei boppe helle út ús tiid dat we beiden noch yn Stiens wennen. En ek alle kearen komme der, sels nei goed fyftich jier, noch nije ferhalen by. It waard wer in moaie middei.

We hawwe no ek wer, krekt en gelyk as de oare kearen, de lege fleskes op de langwerpige smelle tafel stean litten en hawwe no ek wer de beide einen helle. Mar mei dit ferskil dat it no net oer de lingte fan de tafel gie, mar oer de breedte λ

 

hfdp@kpnmail.nl