Algemeen

Ik stean al hiel wat jierren yn dy iene keamer. In gewoane bank. No ja, eins bin ik net iens sa gewoan. Ik kom út in designwinkel en myn ûntwerper hat echt wol in grutte namme yn de meubelwrâld. Mar se fine my gewoan. In bank moat goed sitte, seit de frou. Dat is it belangrykste, de rest docht der net ta.

No, dat is no krekt wêr’t it my om giet, dat sitten. Mar dêroer daliks mear. Yn de rin fan de jierren ha ik fansels al hiel wat meimakke en sjoen. Sels bin ik ek al ferskillende kearen ferhuze. Mei de rêch nei it rút. Mei de rêch nei de muorre. Mei de rêch nei de keuken. Der is mar ien kant, dêr’t ik net stien ha. De frou hâldt wol fan feroarjen.

Ik moat sizze, der waard ek altyd wol aardich gebrûk fan my makke. Ek troch de twa katten trouwens. Dêr hie ik wat mear muoite mei. Al dat ferhipte kattehier. Oan de oare kant: dat hâlde wol yn, dat ik sa no en dan in útgebreide boarstelsesje krige mei de stofsûger. Och, en wat ekstra oan-dacht is ek nea wei, dus dy twa katten naam ik mar foar leaf. As se de neilen mar binnenboard hâlden. Lokkich wie de frou dêr ek fel op.

Op in gegeven momint wiene de katten fuort. En eins wie it doe ek al frij gau dien mei de oandacht foar my. Inkeld nochris in stofsûger oer my hinne. Mar wat noch minder wie: der wurdt hast nea mear op my sitten. Der kamen twa fan dy ôfgryslike stuollen yn de keamer. Stuollen dy’t op en del kinne. Stuollen, dêr’t foaral de baas geregeld yn leit te snoarkjen. De keamer waard wer ris ferboud, en ik kaam wer mei de rêch nei it rút. Mar net miene, dat der noch immen op it idee komt om op my sitten te gean...Nee, jûns, as it spul dan einliks ris yn de keamer komt, wurde de beide stuollen mei de rêch nei my ta keard, en sitte se de hiele jûn nei dy tillevyzje te sjen.

Ik bin bliid mei elke besite dy’t der komt, want dan kinne se fansels net om my hinne.

In heal jier lyn kaam der wat leven yn de brouwerij. Doe kaam der sa’n lyts wyfke mei har heit en mem oer de flier. Fielde ik my ek wer ris nuttich. Mar dy binne ek al lang wer fuort. 

Fan ‘e wike wie it lytse wyfke der even. No, dy hat aardich by leard. Se kin no sels op my klimme en ynienen waard ik as trampoline brûkt. Wer in nije ervaring.

Dochs is der de lêste dagen wat feroare. Sawat de hiele dei sit de frou op my. Se sit op my te lêzen. Se sit op my te breidzjen. Se sit op my te neat dwaan. Se sit op my mei de laptop. Se docht in tukje op my. En wat my no fannacht oerkaam? Se hat gewoan in pear oeren op my sliept! Ik snap fansels neat fan dizze ommekear, mar ik fiel my einlings wer ris in echte bank. In bank dy’t der ta docht. In bank dy’t brûkt wurdt. In bank dy’t wurdearre wurdt. Net sa’n meubelstik, dêr’t gjin mins nei om sjocht.

Soe dit no in nij begjin wurde? Kin ik no al myn kwaliteiten ris breed útmjitte? Ik ha fannacht oh sa myn bêst dien om in lekkere steun yn de rêch te jaan. Dêr bin ik foar. Ik wol steun jaan, ik wol dat de frou fielt, hoe lekker as it is om op my te fertrouwen.

Soe se it dan lang om let dochs yn de gaten krije, dat der mear is, dan fleane en drave, ivich en altyd achter de laptop yn de keuken, en jûns foar de tillevyzje?

Se is no ek wer even út byld. Mar it breidzjen leit hjir noch. En it tekkentsje. Dus se komt fêst werom. Om even lekker te breidzjen. Om even lekker in tukje te dwaan. 

Sjoch, dêr binne banken foar bedoeld. Spitich, dat it sa lang duorre hat, dat de frou dat yn de gaten krige…

 

Ja, en sa sit ik dus (hast) de hiele dei op dy bank, mei in brutsen kaaibonke en in harseskodding. Fallen mei de fyts. En ja, gjin helm op...Soe my net oerkomme. Dus wol.

Ik wit no al wat myn Sinteklazesurprize wurdt...in fytshelm! Mar de echte komt der ek!

 

Aeltsje de Groot