Algemeen

Column: De Coronastoarm

No 't de Coronastoarm wer oer it lân raast en rûnom slachtoffers makket, moatte wy nei in tiid dat we it wat rommer hienen, ús wer oanpasse. Wy bliuwe mar wer mear yn 'e hûs, al wurdt der sein dat wy ús heil sa folle mooglik bûten sykje moatte, want dat soe better wêze. No hat soks myn foarkar net, want ik bin no ienkear in kâldklommer en set de ferwaarming leaver wat heger!

Hawar, de spultsjes moatte mar wer foar it ljocht helle wurde. No seach ik skoft ferlyn de reclame fan it nije spultsje " Speedpuck " It hat wol wat fan in lytse sjoelbak, mar dan mei  elastyk oan beide kanten wêrmei je de houtsjes fuortsjitte moatte! 

Omdat je ek wolris wat oars wolle ha wy sa 'n spultsje oanskaft en it, sawol tegearre, mei freonen as mei ús pake- en beppesizzers spile en ik kin net oars sizze as dat it in âlderaardichst spultsje is en hoewol je net fan de stoel ôf komme begjinne je fan spanning gewoan te switten! 

Wy sille ús sa aanst mei de spultsjes, de musyk en tillevyzje wol wer fermeitsje moatte, tink ik, want der op út nei in tonieljûn of in konsert sil wol net folle fan komme! 

Op de tillevyzje sjogge we eltse dei nei it nijs, mar dêrneist is der ek noch wol wat oars te fine fansels. Sa as dy sneontejûn doe 't der in misdiedfilm foar wie wêr wy wol graach nei sjen meie. Neidat dy ôfrûn wie, om âlve oere hinne, sei ik: 'Ik wit net watst sto wolste, mar ik gean op bêd!'

'Ja, ik kom drekst ek!' sei myn oare helte en knipte noch wat fan it iene nei it oare net.

Wylst ik boppe oan it toskpoetsen wie hearde ik yniens prachtige musyk fan ûnderen kommen.

Gau spielde ik myn mûle om en rôp nei ûnderen: 'Is dat de last night of the proms?' ' Ja! ' hearde ik fan ûnderen kommen.

Om 't wy op de sliepkeamer ek in lytse tillevyzje ha socht ik gau de BBC op!

Yn Ingelân ha se yn de simmer in rige 'Proms' ek wol Promenadeconcerten neamt, mei prachtige klassike musyk. It lêste konsert stjoere se út op de tillevyzje en dat neame se "The last night of de proms" dy holden wurdt yn de "Royal Albert Hall" yn Londen. It sit dêr dan smoarfol mei minsken dy 't ferklaaid binne en meihosse en sjonge op de musyk, sa lûd as se mar kinne!

 

Troch it firus, spyle it orkest no yn in lege hal, mar de tillevyzje liet bylden sjen fan minsken dy 't bûtendoar, op pleinen, nei grutte skermen stienen te sjen en dêr meihosten en songen. 

Fansels wie der yn de hal minder sfeer as oars, mar bûten wie it dêr echt feest. We sjogge dêr elts jier nei en sa ek in 25 - 30 jier werom doe 't ús dochter thús kaam wylst it konsert noch oan 'e gong wie. Se kaam de keamer yn en rôp, omdat wy de tillevyzje lûd stean hienen en sels meisongen: 'Wat is dit?'

Wy fertelden har oer de ' Proms' konserten út Ingelân en har reaksje sille we nea ferjitte, se plofte by ús op de bank en sei: "GEWELDICH!!!" Doe 't myn man hearde dat ik it der boppe ek foar hie en kaam er ek boppe en tegearre songen wy op bêd de  foar ús bekinde lieten lûdkiels mei!

Fia de mars "Pomp and Circumstance" fan Sir Edward Elger, gie it nei it liet ' Land of hope and glory' wat de minsken yn Ingelân manmachtich meisongen!

Jonge, jonge, jonge, wat kinne dy Ingelsen sjonge!!!

It orkest spile it iene liet nei it oare en dêr tuskentroch fertelde de dirigint moaie ferhaaltsjes. 

'Rule Britannia' kaam as ien nei lêst en dêrnei, sa as altyd, it slotliet: 'God save the Queen' 

Dit barde yn dy wike yn septimber dat we prachtich moai waar hienen en it sliepkeamerrút stie dan ek iepen. Oan de kant fan ús sliepkeamer ha we jongelju as buorlju en ik kin my foarstelle dat dy ús wol hearden en tochten: ' Wat ha dy âlde minsken in leven!'  No ja, ik hoopje dat we har net út de sliep holden ha en ik tink ek net dat it wer foar komt want oars sjogge we der altyd ûnder nei! Meastal komt der nei it Ingelske Folksliet noch ien of oare mars as tagift en dan is it dien, mar no kaam der noch ekstra it liet: 'You 'll never walk alone'.

Dat hie fansels te meitsjen mei de betinking fan de slachtoffers fan it Coronafirus, wêr se dit geweldige liet oer de hiele wrâld foar brûke. 

 

Ek dit liet waard meisongen en nei de lêste rigels:' Walk on, walk on, with hope yn your heart, and you 'll never walk alone!' stie it einepikefel my op de earms. 

Wat yn my opkaam by dit lêste liet, wie dat it net allinnich in betinking wie foar harren dy net mear ûnder ús binne, mar ek in boadskip foar ús dy noch libje, om foaral fol te hâlden en feilich troch te gean, mei de hope yn it hert dat dizze Coronastoarm, sa gau as it mar kin, foargoed lizzen giet!  

 Etie Pasma, Hijum 2020