Algemeen

Column: De keunst fan it neat-dwaan

Fansels wurdt my geregeld frege, hoe as myn “nije” libben my befalt. Meastal bin ik dan ûnderweis mei myn beppesizzer yn de kuierwein. Ja, dat ha ik no oan tiid. En it is hearlik dat wy dit stikje ûntwikkeling fan har meimeitsje mochten. Fan foar it earst stean oant de earste losse stapkes. Fan in boekje stikken skuorre oant in boekje “lêze”. Fan gebrabbel oant de earste dúdlike wurdsjes.

Noch in wike, en Lize sil mei har heit en mem ferhúzje nei harren eigen plak. Sa moat it ek wêze, en lokkich wenje se straks net fier fuort. Mar ik ha it gefoel, dat myn libben fan “nei it wurk” dan pas echt begjint. Dus hoe as it no befalt? Drokte genôch. En dat is dus krekt it punt. Want wat minder drokte soe ek net ferkeard wêze miskien. 

Ik merk sa no en dan, dat ik echt noch yn de “oan modus” stean. Jierren lang hat dy knop oanstien, en hy sit in bytsje fêstruske ha ik it idee.

Fan ‘e wike soe ik mar ris in noflike neat-dwaan-dei ha. Lekker mei myn dochter nei de sauna. Ja, dat betsjut dus gewoan dat der even neat moat en hoecht. 

Doe’t ik my deljoech op it bankje, lekker yn de waarmte (no ja, hjitte dus) en it sânglês omdraaide, betrape ik mysels der op, dat der in lichte panyk ûntstie. In kertier lizze, jin oerjaan, neat dwaan.  De oanknop wie noch dúdlik net omset. Want ik moast dit noch, en dat noch...

Hoe lang kin in kertier wêze? Ik slagge der yn om dy figuer-like knop dochs om te setten. Gelokkich mar. Want minsken dy’t wolris yn de sauna komme, witte dat it net ophâldt mei in kertierke lizze. Der kinne hiel wat kertierkes folmakke wurde op sa’n dei. En it is de bedoeling dat dat noflik is en ûntspannend. It sette my wol even oan it tinken. Dat ik blykber noch sa wend bin, dat der wat gebeure moat, dat ik wat dwaan moat. Ek al is it te rinnen of te fytsen. 

Ik herken dit gefoel ek noch wol fan earder. Ik wie ge-  woan altyd op myn bêst, as ik wat te dwaan hie. In snein mei “neat” fielde as in ferlerne snein. En ek yn de fakânsjes moast der altyd wat ûndernommen wurde. It is ek wol in stikje opfieding wat noch mei spilet.

Ik ha yn in earder kollum wolris skreaun, dat ik it hearlik fûn as it reinde as wy op fakânsje wiene. Want dan hoegde der neat. Oars wie it: hup op de fyts, en hjir en dêr hinne. Ek al wie it allinne mar in ein om. As it reinde, wie der in hearlik lange dei. Mei boeken lêze, lekker lizzend op bêd. Of Barbieklean meitsje, lekker prutse. Dat gefoel fan doe kin ik noch altyd oproppe.

 

Mar blykber bin ik it dochs wat ferleard. Ris even neat by de ein hawwe. Gewoan sitte. Gewoan wat omprutse. Gewoan in boek lêze. Dat dat kin. Dat dat samar mei. Net nei twa rûntsjes sauna tinke: no moat ik dochs wer fuort, want ik moat dit noch en dat noch. Mar in lekkere massage nimme en dan noch in rûntsje dwaan. 

Op myn kuier troch it Koarnjumer bosk lekker op in bankje sitten gean, en gewoan genietsje fan dy prachtige natuer dêr. Al dy kleuren grien. De wite wolken spûkeblommen. It gele koalsied, de blauwe ferjitmynet. De boekebeamen mei harren donkerreade blêden. De ein mei 9 lytse pykjes dy’t yn it wetter omskarrelt en har folkje sa no en dan wer by elkoar snettert.

Ik moat sizze: it leart. De earste kear dat ik dêr op in bankje siet, tocht ik al gau wer: in oare kear moat ik kofje meinimme. Of myn tillefoan, dan kin ik foto’s nimme.

De twadde kear hie’k de tillefoan wol by my, mar ha ik him yn de tas litten. En dy kofje, och dy komt dan letter thús wol wer.

De keunst fan it neat dwaan. Ik begjin it in bytsje te snappen. Mei tank oan myn dochter, dy’t my mei naam nei de sauna. Mei tank oan dat hearlike bosk yn Koarnjum, mei syn fijne bankjes.

Mei tank oan myn beppesizzer, dy’t my ek twingt om de oanknop út te setten, en gewoan te genietsen fan wat der is.

Befalt myn nije libben my? No’t de oanknop ek wer út wol, tink ik, dat dit libben my hiel goed befalle sil..

 

Aeltsje de Groot