Algemeen

Foar my op tafel stiet in âlde, brune, stiennen krúk. Hy is moai bol, allinne oan ien kant sit wat in flak stik, krekt as hat er dêr op lein doe’t er noch net ôfbakt wie. It glasuer is ek net sa moai ferdield, it rint der mei grutte drippen by del. Der sitte noch wat restsjes griene ferve op en der binne trije sirkeltsjes yn drukt. Ik ha him jierren lyn al ris kocht yn in kringloopwinkel, en der stie by dat er fan om en de by 1670 wêze soe.

Sjoch, dan giet myn ferbylding fuort op de rin: wêr soe dizze krúk allegearre west ha, wêr soe er allegearre foar brûkt wêze? 350 Jier lang hat er om sweefd, en úteinlik is er einige yn in kringloopwinkel. Hat der earder wyn yn sitten, en hat dizze krúk yn de herberch grutte feesten meimakke? Of waard er brûkt yn in húshâlding? Wie it in “twadde kar”, om’t er net alhiel rûn is en net sa moai fan glasuer fersjoen? Yn hokker kasten hat dizze krúk stien? En wêrom siet der noch sa’n fervelucht oan doe’t ik him kocht. Is hy yn it lêst brûkt troch in skilder? Sit der dêrom noch wat restsjes ferve op? Wat betsjutte dy trije sirkeltsjes? Is de krúk echt wol 350 jier âld?

 

It binne allegearre fragen dêr’t ik nea in antwurd op krije sil. No ja, ik soe ris nei in taksaasjedei fan in museum moatte. Of (dêr giet myn ferbylding wer) nei in útstjoering fan “Tussen kunst en kitsch”.  

Ik sjoch my dêr al sitten oan de tafel mei Frits Sissing, en mei in kenner dy’t dúdlik djip ûnder de yndruk is fan dy prachtige, útsûnderlike, seldsume krúk, dy’t net 350 jier âld blykt te wêzen, mar noch minstens 200 jier mear. “Late Middeleeuwen mevrouw. We zien ze bijna nooit meer, alleen soms nog in musea...Gekocht in de kringloop? Wat gaf u er voor? Hij is 100 keer zo veel waard!”

 

Dreame wy dêr allegearre net stikum oer, as wy nei dat programma sjogge? Wat keapje foar net al te folle jild, en dat it dan bliken docht dat it âld is, of echte kuenst, of seldsum…

Mei dy yntinsje ha ik de krúk net kocht trouwens. Ik fûn him moai, om de ienfâld dy’t der fan ôf strielet. Ik fûn him moai, om de ferhalen dy’t ik der om hinne fantasearje kin. Want ik sil nea echt witte, hokker reis as dizze krúk makke hat yn syn wierskynlik dochs wol lange libben. Dus kin ik de ferhalen sels betinke.

 

Eins giet it my ek sa as ik bygelyks yn Ljouwert bin, en troch de lytse strjitsjes dwaal achter de Nijstêd, terp op, terp ôf. Ik fyn it hearlik om dêr troch hinne te rinnen, en te sjen en te fielen hoe as it dêr west hat yn it ferline. Ieuwenâlde strjitsjes en steechjes, dêr’t him safolle ôfspile hat. Dy’t no soms leech en stil binne, mar wert it earder fol leven en lawaai en drokte wie. Al dy lytse winkeltsjes dêr, al dy minsken dy’t mei wit ik hoefolle yn de húskes wennen. It wie it libben fan de gewoane man, de minsken dy’t betiden hast neat hiene. Net in libben om nei út te sjen. 

Mar as ik dêr rin, dan komt dat ferline safolle tichterby, en … kin ik wer de ferhalen der by betinke.

Is it dêrom, dat ik sa fan âlde dingen hâld? Dingen mei in ferhaal, of soms krekt net mei in ferhaal. Ik ha hjir erfstikken stean, sa as de ladekast, it kammenet en de âlde Fryske klok. Dêrfan wit ik wert se wei komme. Wert se stien hawwe, of hongen, yn it gefal fan de klok. Dan is it ferhaal al wer folle dúdliker. Mar soms is der gjin ferhaal, en dan meitsje ik der sels ien!

 

Dat ik net de iennige bin, dy’t graach dingen om har hinne hat, dy’t al hiel wat meimakke ha, is wol dúdlik as men sjocht hoefolle brokante en fintaazje der ferkocht wurdt.

Miskien is it wol in bytsje in tsjinhinger fan al it flechtige, it “fuortsmyt guod”, fan dizze tiid. Wittende dat in foarwerp al jierren, soms ieuwen lang troch de hannen gien is, jout in ekstra diminsje. Dat it nei al dy tiid noch tsjinst dwaan kin, soms sels gewoan noch brûkt, is de meast duorseme gedachte dy’t der mar wêze kin. Dan noch dreame oer Kunst en Kitsch...

 

Aeltsje de Groot