Algemeen

Dêr sit se dan, pontifikaal yn de tafelstoel: de pop. In moaie, donkere pop mei prachtige swarte krullen en grutte brune eagen. Yn in roze badjaske. Fan ‘e wike skoart yn in kringloopwinkel, doe’t wy op syk wiene nei oanfulling fan ús boartersguod thús foar de jongste beppesizzer. Twa euro, en der mankeart hielendal neat oan. Romperke oan, badjaske oan…

Sels Nico is in bytsje fereale op de pop. En by de kassa waard der sein: “Wat ha jo dêr in prachtige pop”. Fansels ha ik dizze pop kocht foar ús beppesizzer. Al hat dy oant no ta mear belangstelling foar alles wat ride kin. In pop: prima, mar dan moat dy pop wol yn in berneweintsje lizze dêr’t men mei race kin. Dus de poppemem, dy’t oeren mei har pop omtuttelt, is noch fier te sykjen. Fansels is dat ek net slim. Myn trije dochters wiene ek net allegearre like “popperich”. 

Sels wie ik wol fan de poppen as lyts famke. Ik wit noch dat ik in echte grutte “babypop” krige op Sinteklaas. Ik wie doe fiif jier. Dat wiene echt grutte poppen, fan hurd plastik, hiel oars as de sachte “baby born”poppen dy’t ús bern letter krigen. Mar doe wie dat fantastysk, sa’n echte babypop. Ik hie in hiele handige mem, naaie en breidzje koe se as de bêste. Ek foar myn pop waard der it noadige makke. Sels in poppewidske. Dat is trouwens in moai ferhaal. Der waarden yn dy tiid nije sliepkeamers makke by ús boppe. Ik sloech geregeld by de timmerlju om. Op in dei strúnde ik wat yn in hoekje op de âld souder om, en dêr stie in prachtich widske!

Dat kaam moai út, ik hie ommers in pop foar Sinteklaas frege! Doe’t de manlju oan de tee sieten, kaam ik mei it ferhaal fan it poppewidske, dat boppe stie. Dêr koe myn pop straks moai yn!

 

Ik wit, dat ús mem in hiel ferhaal begong oer Swarte Pyt, dy’t op de stoepe stien hie mei in grut pak. En dat dat mar alfêst op de souder stean moast. Om’t Sinteklaas it oars allegearre net yn ienkear hâlde koe. Fansels fûn ik dat alle-gearre normaal. Dat de timmerlju nochal wat wille hiene om it ferhaal, foel my totaal net op. 

En fansels krige ik de pop yn it widske op Sinteklaasjûn. En fûn ik dat de gewoanste saak fan de wrâld…

 

Dizze pop, en it widske, se binne der net mear. Doe’t wy fan Winsum nei Stiens ferhuzen, moast der nochal wat guod fuort. Yn Winsum hiene wy trije souders, yn Stiens hiene wy alle romte boppe noadich foar sliepkeamers. Efternei spitich, mar der is fêst wol wer ien lokkich mei wurden. Krekt sa as ik no lokkich bin mei de nije pop. En se bliuwt hjir foarlopich ek noch wol even. Lize wurdt twa jier yn april. Dus soe se dan de pop krije kinne. Mar ik kin de pop ek noch wol langer bewarje...Nuver is dat mei poppen. Of leaver sein, mei de leafde foar poppen. It sit yn jin (of net). Us mem hie it ek. Ik wie iennichst dochter, dus sieten myn poppen altyd goed yn de klean. Us mem fûn dat genifel prachtich. Ek letter, mei de barbypop waard der fanalles makke. Iksels die doe trouwens ek al mei. Letter ha ik der wol profyt fan hân. Ik hie fansels trije dochters en folle minder tiid mei de drokke saak. Dus de poppeklean dy’t ik noch hie fan myn eigen poppen, koene ek wer brûkt wurde foar de poppen fan myn dochters. Boppedat fûn ús mem it prachtich om klean te meitsjen foar de poppen fan de beppesizzers. Se hat sels ek noch twa poppebedsjes makke foar de babypoppen fan Tynke en Jetske. Letter makke se sels poppen van klaai of stof. Ik ha noch in oantal dêrfan bewarre. En se binne allegearre prachtich yn de klean.

 

Enfin, myn tiid is no kommen. Myn earste donkere (lappe)pop krige ik 65 jier lyn, en dy sit hjir ek noch by my yn de keuken. No sit der opnij in black beauty yn de keuken, en ik kin net wachtsje om der mei om te tutteljen. Klean naaie en breidzje. Strikjes yn it hier. 

 

Fansels ek boppe sjen, wat der noch leit oan poppeklean. It giet der nea wer út, dêr bin ik no wol achter. Fereale wêze op in pop. It moat net mâlder. Mar ik wit wol seker, dat der lêzers binne, dy’t dit gefoel ek wol kinne…. 

 

Aeltsje de Groot