Algemeen

It wie Geartsje koartlyn, en sa’t se sei  ek al ris earder opfallen dat ik yn mysels begûn te praten. No sjoch ik der net frjemd fan op, want ik haw dat as bern seinde efter de Polderdyk ek wol dien. Dat kaam om’t ik doe in soad allinne oan it boartsjen wie. Ja, ik moast myn ferhaal kwyt en om’t der gjin oaren by wienen dan prate ik mar tsjin mysels. It hie ek wer syn foardiel, want ik koe sels ek bepale hokker antwurd as ik krige. En om’t ik altyd gelyk krige, koe ik ek gjin mot krije.

Us heit hie dat ek, dy prate ek in protte yn himsels. It sil ek wol kaam wêze om’t de man in soad allinne omslein hat. Foaral as hy allinne yn it bûthús wie en ûnder in ko siet te melken, dan koe der omraak yn him sels prate. Hy die it foaral as hy it drok hân hie en ek wol as er hannel dien hie. Want as hy in ko ferkocht hie, dan gie hy de hiele hannel noch ris nei. Salang as hy oan it melken wie raffele hy oan ien tried wei troch. It waard allinne ûnderbrutsen as hy syn wiisfinger troch de molke helle om dêrmei it oer wat soepel te meitsjen. It wie efkes in momintsje, want as it ritme der wer ynsiet, gie it ferhaal ek wer fierder. As de ko ûnder it melken skite as mige moast, waard it melken en dêrmei ek it ferhaal efkes stillein. As de ko syn miel kwyt wie, gie it ferhaal ek wer fierder. Jo moatte sa mar rekkenje, ús heit hat in protte tsjin minsken praat dy’t op ’t stuit net by him wienen.

It ferwûndert my dêrom ek neat, dat ik der ek mei begjin, want it sil wol in erfstik wêze. 

 

No is it noch wat yn in begjinstadium, mar Geartsje hat al sein: “ Ik hoopje net dat it sa slim wurdt as mei dyn snoarkjen”. Dat ha ik ek fan ús heit meikrigen. Us heit koe ek omraak snoarkje. 

As wy op ’e Damslûs it waarm iten efter de kiezzen hienen dan joech ús heit him meastentiids efkes del. De stoel waard in kwartslach draaid en der kaam in kessen efter de holle. De fuotten kamen oerinoar op ’e hoeke fan ’e tafel neist it lege board te lizzen, en dan gie it oan. 

It duorre net sa lang dan foelen de eachlidden nei ûnderen en kamen al rillegau de earste lûden út ’e mûle. It koe der soms alderheislikst omwei gean, foaral om’t it gebit ek wolris losrekke en mei it útstjitten fan ’e lucht  begûn te klapperjen. 

Nei in heal oere wie it wer oer. Us heit waard dan rocheljend wekker, kaam oerein, sette it gebit wer teplak, ruts him út, en gie wer oan it wurk. As ús heit yn ’e nacht ek snoarke wit ik net. Ik ha it nea meimakke dat ús mem yn ’e nacht de sliepkeamer útflechte sa’t Geartsje no wolris docht. 

Ik moat tajaan dat ik der wol mei sit. Yn it begjin foel it noch wol wat ta, want dan snoarke ik allinne as ik op ’e rêch lei. As ik dan begûn krige ik in lyts setsje fan Geartsje.  Ik gie dan op ’e side lizzen, en it snoarkjen wie oer. Tsjintwurdich is it sa, as ik op ’e rêch lis of op ’e side, it snoarkjen giet troch.  

It lytse setsje dat ik oars fan Geartsje krige is no in bêste dreun wurden, mar it jout neat. It ienichste dat hja der mei berikt is dat se my wekker makket, mar sa gau as ik de eagen wer ticht doch begjint it snoarkjen ek wer. Wy hawwe al ferskate dingen besocht, ik ha sels mei ien as oare kniper op ’e noas op bêd lein. It snoarkjen wie doe wol oer, mar tagelyks it sliepen ek. 

It is wol opfallend dat, as ik in pear jonge slokjes hân ha, Geartsje  mear lêst fan myn snoarkjen hat, as sûnder die twa. Mar om dy twa slokjes no fuortendaliks de skuld fan myn     snoarkjen te jaan, giet my ek wer te fier. 

Ik en foaral Geartsje sille der mei libje moatte, om’t it yn mysels praten, it snoarkjen en uteraard ek de skjinne slokjes, no ien kear erfstikken fan ús heit binne. 

Neffens my hawwe ús bern it snoarkjen ek meikrigen, it yn himsels praten leau ik net. Miskien aanst de pakesizzers, want it komt faker foar dat sommige eigenaardichheden wolris in generaasje oerslaan.

 

 

hfdp@kpnmail.nl