Algemeen
Column Etie Pasma: Alde Sije (15)
Lytse Sije hearde de tillefoan, hy makke boppe gau syn wurk dien, gie nei ûnderen en frege er: ‘Wie der wat mei pake?’ ‘Nee, gelokkich net!’ sei Jelke. ‘It wie ien fan de resjerzje, dy woe witte as se ek hast mei pake prate koenen, mar dat kin noch neat wurde fansels. Mar hoe fier bisto mei dyn húswurk?’ ‘Klear, ik wie de tas oan it ynpakken doe de tillefoan gie.’ ‘Moai, dan no mar op bêd!’ ‘Ik wol noch net op bêd, wol heit noch in potsje mei my skake?’ ‘Skake? Nee dêr ha ik no gjin sin oan en mem en ik woenen ek hast op bêd, mar hoe komst dêr sa ynienen by?’ ‘Even oan wat oars tinke!’
Styntsje seach nei har soan en wie bang dat er mei de oerfal op pake ompakte. Se begreep wol dat er de sinnen wat fersette woe en dêrom sei se tsjin de jonge: ‘Witst wat, we nimme noch wat drinken en in lekker hapke en dan sjogge we as der noch wat op ‘e tillevyzje is. Hjir sykje do mar wat op!’ Hy pakte de ôfstânbetsjinner fan de tillevyzje fan har oan en gie by de ferskillende sinders lâns. Jelke seach nei Styntsje. Hy snapte net dat se sa mar ferjitte koe wat sy fan plan wienen. Se soenen doch op bêd, of soe se miskien gjin sin ha? Styntsje hie niks yn ‘e gaten en wie drok dwaande mei it drinken en it snijen fan tsiis en woarst. It wie al dik oer tsienen doe Sije begûn te gapjen en Jelke opmurk dat it no echt tiid wie om op bêd. De beide mannen gienen nei boppen en Styntsje sette de smoarge boel yn de ôfwaskmesine, pakte fierder alles op, makke alfêst de tafel klear foar it moarnsmiel en gie doe by alle doarren en rúten lâns. Nei it trelit by har skoanheit wienen se dêr krekter yn wurden. Neidat alle ljochten út wienen gie se boppe earst nei Sije syn keamer. Dy sliepte al en foarsichtich joech se him in tút op de holle. Yn har nachthimd rûn se nei de baaikeamer wêr Jelke oan it toskpoetsen wie. Ek sy begûn te toskpoetsen. Jelke, dy klear wie, gie efter har stean, die syn earms om har hinne en luts har tsjin him oan. Se spielde gau har mûle om, draaide har om, sloech de earms om syn nekke en tute him. Syn hannen sochten en fûnen en hy flústere, om Sije net wekker te meitsjen: ‘Wat hast dêr in lekker waarm plakje!’ ‘Ja, en dêr wolsto no wol efkes plakjeboardsje, tink?’ sei se, mei in glimke om ‘e mûle, sêft werom. ‘Jawis, do ek?’ ‘Ja, kom mar!’ sei se en luts him mei nei de sliepkeamer. Doe se it dekbêd opslaan woe slagge dat net want lytse Sije hie him yn nestele op harren bêd. Styntsje frege:‘ Wat ha we no, ik tocht datsto al sliepste ’ ‘Nee, ik die as of, ik bin bang, mei ik by jim sliepe?’ ‘Jawis!’ sei Jelke drekst en wylst er syn pyama oan die tocht er, no snap ik Styntsje werom sy niis samar fan doel feroare. Hy die it no sels ek want syn soan hie him nedich en dy gie foar alles!
Noch lang leinen se wekker, elk mei har en syn eigen tinzen, wylst se harken nei it rêstige sykheljen fan harren soan dy him dêr, gelokkich, feilich fielde.
Haadstik 14. Dy nacht.
Om middernacht hinne brânde, op de kamping yn de Wâlden, noch altyd ljocht yn de karavan. Elske fertelde oan har suster wat se de lêste dagen meimakke hie. It wie in lang ferhaal en dêrom hie se, nei de kofje, mar de flesse wyn iepen makke. Der miste al gâns wat út de flesse en doe se beide it glês wêr leech hienen hold se de flesse omheech en frege: ‘Wat seist sus, sille we him mar leech meitsje?’ Eelkje hold har glês by en frege: ‘Hoe gie dat eins mei dat reanimearjen? Koe sto dat, hast op sa ‘n kursus west of sa?’ ‘Wol nee juh, mar ik hie it ris op de tillevyzje sjoen en tocht, ‘baat het niet, het schaadt ook niet!’ Mar it wie swier wurk, dat wik ik dy, allinnich hie ik it net kinnen. Gelokkich ha de beide jongens my holpen! Geweldich wat dy mannen dien ha en dêr bin ik se ivich tankber foar. Want wiste, as sy der net west hienen dan hie Pyt no net mear libbe!’
Wylst se dat sei drong it ta har troch dat dat echt wier wie! Dan hie se no widdo west en Pyt syn begrafenis regelje moatten. Yniens waard it har allegearre tefolle, lei se de holle op har earms op ‘e tafel en gûlde mei lange úthalen.
Eelkje gie nei har ta, sloech de earms om har hinne en beweegde har sêft hinne en wer.
Stadichoan oan bekaam Elske wat en Eelkje oppere dat it no tiid wie om it bêd op te sykjen. Neidat se beide noch in skoftke yn de baaikeamer omskaaid hienen waard it ek dûnker en stil yn de karavan. Yn it keamerke stienen noch de twa healfolle wynglêzen, as stille tsúgen, fan in jûn dy sa emosjoneel einige wie.
Etie Pasma Stiens 2024 (15)
Laatst geplaatst
Agenda
-
Vr 11 oktober
-
Zo 13 oktober
-
Ma 14 oktober
-
Di 15 oktober
-
Wo 16 oktober
-
Do 17 oktober
-
Do 24 oktober