Algemeen

Column Etie Pasma: Alde Sije

Haadstik 8

Elske wie wat oan it oprêden yn de karavan en hearde ien op de bûtendoar klopjen. Se die iepen en seach de beide jongen stean..

‘Hallo, kom binnen.’ ‘Nee, we hebben niet veel tijd, maar hoe is het met uw man?’ ‘Veel beter, hij heeft goed geslapen en als het zo doorgaat mag hij morgen naar een gewone zaal.’ ‘Dat is mooi, maar wij willen u ook even vertellen dat we straks naar huis gaan. Wilt u uw man de groeten doen en hem  beterschap wensen?’ ‘Ja zeker, maar vertrekken jullie vandaag al?’ ‘Ja, onze vakantie zit er op, na het eten gaan we.’ ‘Okay, maar dan wil ik jullie nog in keer bedanken voor jullie hulp’. Se stapte op harren ôf, joech beide in hân en in grouwe tút en sei: ‘Heel veel dank, zonder jullie hulp had ik, maar had hij het ook niet gered. Dank jullie wel!’ Se stienen der beide mar wat ferlegen by. ‘Maar jongens,’ begûn se wer, ‘wy hebben helemaal nog niet kennis gemaakt! Mijn naam is Elske Sietsma en mijn man heet Piet, hoe heten jullie?’ ‘Ik ben Paul en dit is mijn broer Barry!’ ‘En de achternaam?’ ‘De Vries!’ sei Barry der gau efter oan. ‘En waar komen jullie vandaan?’ ‘Uit Utrecht, en u?’  ‘Amsterdam, maar als jullie straks richting Utrecht gaan, mag ik dan mee rijden naar het ziekenhuis in Leeuwarden?’ ‘Ja zeker, wij vertrekken om half twee, is dat een goede tijd voor u?’ 

Elske sei dat se klear stean soe. Wat binne it bêste jongens, tocht se, mar doch joegen se har wer in frjemd gefoel. Hawar, net mear oan tinke se soe it har wol ferbyldzje!  Werom yn it keamerke belle se har sus nochris en no hearde se al gau: ‘Mei Eelkje!’ ‘Ha goeie, mei my.’ ‘Elske, do oan de tillefoan! Is der wat?’ ‘Ja, Piet leit yn it sikenhûs, hy hat fannacht in hertoanfal hân, mar it liket no wol wer aardich! Mar Eelkje, no bin ik hjir allinnich en soe graach wolle datst hjir in pear dagen by my komst, kin dat?’ ‘Wel ja, dat kin wol, ik ha oars doch neat. Wannear?’ ‘As it om dy kin, jûn fiif oere by it sikenhûs, dan ride we yn dyn auto werom nei de kamping.’ ‘Hoe komst dan yn it sikehûs?’ ‘Ik kin mei ien ride!’ ‘Okay, dan wachtsje ik yn de hal fan it sikenhûs, mar eh… winskje Piet betterskip en doch him de groeten.’ ‘Sil ik dwaan en alfêst bedankt!’ ‘Is goed!’  

Om healwei twaen stie Elske klear mar de jongens wienen noch drok oan it skreppen. Paul seach har, kaam er op har ta en sei: ‘Wij zijn nog niet klaar, maar ik breng u eerst naar het ziekenhuis, dan kan mijn broer hier verder opruimen.’ ‘Niet nodig, ik wacht wel!’ ‘Mevrouw, wij hebben het liever zo, dan hoeven wij niet met de caravan achter de auto door de stad.’ Dêr hie Elske begrip foar, want se hold net fan autoriden lit stean as der ek noch in karavan efter hong. Foar dat se ynstapte bedankte se Barry noch ris en gie doe mei Paul nei Ljouwert. By it sikenhûs joech se him tsien euro en sei: ‘Voor de benzine, en jij ook heel veel dank Paul!’ Hy knikte, pakte de sinten oan en frege har om Piet betterskip te winsken. Doe er út it sicht wie gie se nei Piet, dy al op har siet te wachtsjen. Hy woe fan alles witte, mar dat moast wachtsje, want se woe earst in tút en in krûpke fan him ha. Dat snapte er en hy stuts er syn earms nei har út en sy, sy waard dêryn wei!

 

Haadstik 9

Nei it middeis iten riden Jelke en Styntsje mei de soan nei Hijum. Sije joech de katten iten en Styntsje en Jelke gienen troch it hûs om te sjen wat der miste. Styntsje seach drekst dat de sulveren leppeltsjes, de molkleppel en de sûkerskep der net mear wienen. Jelke skille dat troch oan in plysje en dy kamen no dy kant út, sei de man, sadat se noch wat oerlizze koenen en ek foar de fingerôfdrukken. 

Yniens hearden Styntsje en Sije wat by de efterdoar. Dêr stie in man. Hy siet heal op it sadel fan syn fyts. Styntsje hie him wolris earder sjoen, mar koe him net thús bringe en sei: ‘Goeie, wa binne jo?’ ‘Ik bin Tsjebbe en ik hearde dat hjir juster in sikeauto west hie. Is der wat mei Sije?’ ‘Ja, dy leit yn it sikehûs. Hy hat in brutsen earm en in seare holle!’ ‘Och hea, is er fallen?’ ‘Nee, der is hjir ynbrutsen en doe ha se him slein!’ ‘Wat in rotzakken, wolle jo him betterskip winskje en de groeten oerbringe, fan Tsjebbe?’ ‘Ja, bêst  hear.’ ‘Moai, dan moat ik no wer fuort. Hoi!’ en fuort fleach er op ‘e fyts. Jelke kaam der by en frege: ‘Wat woe Tsjebbe?’ ‘Dy hie in sikeauto sjoen en woe witte wat der mei heit wie!’ ‘O, no dan wit it hiele doarp it aanst, want hy is it nijsblêd fan it doarp.’ ‘Dat is net slim, mar wat fytst dy man healwiis je. It is krekt as sitte se efter him oan!’ ‘Ja, dat is sa, hy fytst altyd as in wyld en dêrom neamde se him ‘Wylde Tsjebbe!’  ‘Wylde Tsjebbe!’ sei Styntsje, ‘Ik moat sizze, dy namme past al hielendal by him!’