Algemeen

“Hoe hawwe se it yn ’e holle krigen om sa’n pleatske hjir del te setten”, sei ik tsjin Geartsje, doe’t wy op de sneldyk fan Drachten nei it Hearrenfean riden. Midden yn it fjild en net in beam der omhinne. 

Efkes net goed oer neitocht om’t ik it beseach út de tiid fan no.

Want dit pleatske sil wol boud wêze nei de ynpoldering fan it 6e en 7e feandistrikt, dy’t begûn sa om en de by 1850 doe’t de turf der úthelle wie. Unlân waard it doe neamd om’t der neat mei te begjinnen wie. Huzen en pleatsen stienen der net. Fryslân hat yn febrewaris 1825  foaral yn it legere ein foar in grutpart ûnder wetter stien. De tsjerken sieten fol mei minsken en it fee rûn tusken de grêven op it hôf om’t dy heger stienen as de omjouwing . Kerst Huisman beskriuwt it allegear yn syn boek “Opstand in de turf”, dat op ’e nij wer útbrocht is. 

Doe’t de polder droech kaam te lizzen en de nedige farwetters oanlein wienen, doe sil dat pleatske der ek wol delsetten wêze. Fier op de romte om feesykten foar te kommen en mei rom lân der omhinne

Op ’t stuit dat wy oer de sneldyk riden, tochten wy yn de tiid fan no. Mar besykje ris yn de tiid fan doe te tinken. Tink bygelyks  ris oan dy pleats dy’t yn 1856 yn Koartsweagen fier op ’e romte neist in slûs boud is. In slûs dêr’t de boaten yn en út de polder komme koenen. 

In pleats mei in kafee yn it foarein. It lân bestie foar fierwei it grutste part út acht bunder polderdiken, dy’t der foar soargje moasten dat de minsken yn ’e polder gjin wiete fuotten krigen. Mar it wie in gaadlik plakje om te buorkjen en der wie alle dagen wol oanrin troch de skipfeart dy’t troch de slûs moast. 

Om earne te kommen koe men bûten it wetter de trije kilometer polderdyk delrinne nei Langsweagen, trije kilometer troch it lân nei Terwispel as oer trije kilometer polderdyk nei de Gordyk. De tichtste by wenjende buorlju wennen fjouwerhûndert meter fan harren ôf oan itselde wetter. In hûs mei in kafee en in winkeltsje dy’t foar it nedige soarge. Fierders hoegde men de dyk ek net út, want hja wienen sels foarsjennend. Hja hienen in grutte grientetún wêrfan de opbringst krektlyk as it fleis fan in sâlter yn ’e weck-fles kaam en der foar soarge dat men de winter trochkomme koe. Turf wie der yn dy omkriten by’t soad. De dong en de jarre kaam oer de grientetún en oer it lân. Elektrysk koe men allinne mar fan hearren en sizzen en kraanwetter bestie gewoan net. Beammen om it hûs wienen funest, want dan kaam de goate fol blêden en krige it himelwetter in soere smaak. Wat moatte sokke minsken in noflik libben hân ha. Ja,der wie wol ferskil tusken de iene as de oare boer. Dat siet him faak yn in gouden, sulveren as gjin earizer. Sulveren leppels en foarken as gewoan blikken ark. In tilbry as in molkweintsje. Foaroan yn it tsjerke sitte, as efteroan. Hiel wat oars as no, dêr’t it ferskil al makke wurd as men gewoane “kabel” hat as “glasvezelkabel”.  Soms tink ik: “Ik soe bêst wolris werom wolle nei dy tiid”. Ja, werom wolle,  om’t iksels yn 1948 berne bin op dyselde pleats by de slûs en dêr noch yn alle ienfâld libbe ha.  Wy hoegden ús net drok te meitsje dat it elektrysk útfalle soe. Wy hoegden ús net drok te meitsjen dat it húske ferstoppe rekke. 

Wy krigen gjin klachten fan de buorlju dat de houtkachel en de rûchskerne stonken. Wy krigen gjin geseur dat de hoanne te betiid kraaide, en de molkbussen tefolle lawaai makken by it op ’e karre setten.

Wy koenen net te let by de tillefoan komme en ús dan ôffreegje wa der skille hie. Wy koenen ús net drok meitsje dat it internet útfoel. 

It ienichste dêr’t wy omtinken oan hienen wie it wetter. Gelokkich koenen wy de kraan net rinne litte, mar as it in skoft net reint hie, koe de reinwetterbak wolris benei leech reitsje. Mar doe hie de sleat ek noch skjin wetter. Nee, it folk fan dêr stie net sa gau mei de hannen yn ’e loft en rjochtsje in politike partij op as it harren net nei’t sin gie. 

“Hienen sokke minsken eartiids ek in dyk oan hûs ta lizzen?” frege Geartsje, doe’t wy op de sneldyk it pleatske al foarby wienen en ik myn tinken al omslein hie nei doe. “Nee” sei ik, “ wie ek net nedich, want se hienen gjin iens in fyts”. Mei-ien tocht ik oan myn eigen  bernetiid. Wy hienen ek gjin dyk, mar wol in fyts. Miskien wol de grutste foarútgong op dy pleats yn in lyts hûndert jier.

hfdp@kpnmail.nl