Algemeen

Myn foarige kollum gie oer ris “even neat dwaan”. Dat dat foar my soms noch wol in dinkje is. It gekke is, dat ik der de lêste wiken achter kom, dat dat “even neat dwaan” yn de praktyk hieltyd faker foar komt. 

En dan giet it net oer net mysels, mar oer de wrâld om my hinne. 

Sa hearde ik krekt, dat in goede kennis fan my de pols stikken hat. Hja is 86 en wennet allinne. Neist de medyske       soarch moat der no ek in húshâldlike hulp komme. Dat is oanfrege fia de WMO: yn augustus kin de hulp komme...

Sels moast ik fan ‘e wike wat oanfreegje by de belestingtsjinst, en dat moast tillefoanysk. No, it moat noch, want elke kear as ik belje, is de wachtrij sa lang, dat ik it advys krij om letter mar werom te beljen. It selde hie ik mei de bank. Lokkich koe ik fia de app frij flot immen oan de tillefoan krije. Mar nei myn fraach moast der earst wat útsocht wurde, en kaam ik yn de wacht. En bleau ik yn de wacht, oant de ferbining ferbrutsen waard. Fansels gelyk wer belle. Doe kaam der immen oars oan de lijn, dy’t alles wol yn ien kear regelje koe...

Sa binne der noch wol mear foarbylden te neamen. Nije kezinen? Wy binne ynpland foar it twadde kwartaal fan 2023.

Wachtsje, geduld hawwe, it wurdt ús yn dizze tiid gewoan oplein. Wy ha ús der mar by del te lizzen, it is net oars. Mar ik sjoch wol de tsjinstridichheid. Wy libje yn in tiid, dat alles hurd giet. It leafst ha wy minstens 36 oeren yn in dei, omdat wy fanalles wolle en moatte. It libben jachtet yn grutte halen om ús hinne en ris even stil stean is der kwalik by. Ik hear selden in “pensionado” sizzen, dat er alle tiid fan de wrâld hat. Elk hat it drok, de dagen fleane om. Dat is moai fansels. Mar ek tekenjend foar dizze tiid. Wy fine,  dat ús dagen fuld wêze moatte. It is normaal, dat minsken dy’t net mear “wurkje”, eins folop oan it wurk binne. Dêr is neat mis mei. Wat dat oangiet bin ik bliid, dat ik no libje en net sa’n 50, 60 jier tebek. Yn myn jeugd wie it dea normaal as men op syn 65-ste nei it âldereinhûs gie... of op syn minst nei in bejaardehúske. 

It is allegearre bot feroare. Mar wêr't wy dus no oan wenne moatte, is dat wy dochs wer leare moatte om geduld te hawwen. Dat wy leare moatte, dat alles net ien twa trije klear is en regele wurdt.

Dat men net mei ien mailtsje banksaken regelje kin, dy’t dan de oare deis ôfwikkele binne. Mar dat dat minsten trije of fjouwer wike duorret. Wy moatte leare, dat it wol in jier duorje kin, foardat dy timmerman op de stoepe stiet foar de ferbouwing. 

 

Wy sjogge no yn de kranten, dat der mear fakatueres binne as minsken dy’t sollisitearje. It heucht my noch, dat der jierren lyn foar warskôge waard, dat dit ienkear safier komme soe. Doe koene wy ús dêr net in foarstelling fan meitsje. Doe wiene der fiersten-te-min banen foar al dy wurksykjenden. De tiid hat leard dat de foarsizzings útkomme. De maatskippij draaft hurder as ea tefoaren, mar oan de oare kant komt de rem der op om’t der te min minsken binne om yn de pas te bliuwen mei dy maatskippij. Dat dit de noadige swierrichheden jaan sil, stiet bûten kiif.

 

In oplossing ha ik fansels net paraat. Der komme hieltyd mear lûden fan minsken, dy’t de drokke en jachtige wrâld de rêch ta keare. Dy’t ergens yn in ôfgelegen gebiet midden yn de natuer harren gelok en rêst sykje. Mar ek dat is net reëel. Wy kinne net allegearre ergens yn de middle of nowhere ús heil sykje. Wy sille dat heil dochs allegearre op ús eigen plakje, dêrt wy no sitte, sykje moatte. Ik ha miskien wol maklik praten. Ik “hoech” net safolle mear. Ik kin wolris even in stap stadiger rinne. Mar as ik allinne mar nei myn bern sjoch: wurkje, sporte, hobby’s, freonen, aktiviteiten, bern...alles sit bomfol. Hiene wy se dochs in oare opfoeding jaan moatten? Se binne it net oars wend, mei in heit en mem dy’t it ek altyd drok hiene...Fan ús ha se it net leard om geduld te hawwen. Wurdt it net heech tiid om dêr earst mar ris feroaring yn te bringen? 

Aeltsje de Groot