Algemeen

Column: Geert Voolstra

fan Hendrik Liemburg

Foarich jier, om presiis te wêzen op njoggen novimber, haw ik mysels nochal wat op ’e hals helle. Want op dy datum bin ik in facebook-side begûn oer de histoarje fan Terwispel, it plak dêr’t ik berne bin en oant myn twaentweintichste jier wenne ha. En dat op ’e hals heljen giet foaral om de tiid dy’t ik deryn stek.Wêrom hjir oan begjinne? No, deagewoan om’t ik nochal nijsgjirrich bin nei de dingen dy’t der no net mear binne. Minsken en dingen dy’t ik krekt noch al, as net meimakke ha. Ik sjoch op de fb-siden fan de doarpen hjir omhinne foto’s fan foaral de fearten dy’t wei wurden binne. Aldere minsken fan hjirwei witte dat noch wol. Jongeren witte it net en meitsje harren der oer it algemien ek net sa drok om. En ik as ymport wit der al hielendal neat fan, hoe it der hjir hinne lei.

Mar troch ús prachtich moaie sosjale medium, dat ek wolris ferwinske wurdt, kinne wy no de bylden yn ’e hûs helje fan hoe it der eartiids út seach. Op it internet, mar ek op de siden fan facebook dy’t dêrfoar ornearre binne. It wie my einlik in stikel yn ’t each dat myn bertedoarp gjin histoaryske facebook-side hie. Nei’t ik ris in baltsje opgoait hie, sûnder reaksje, haw iksels de stoute skoan mar oanlutsen en bin op njoggen novimber mei noch in âld doarpsgenoat de facebook-side “Terwispel Histoarje” begûn.

En ik moat sizze, it is oanslein. It moast yn it begjin efkes wenne, sis mar de minsken moasten earst de kat út ’e beam sjen.

No slacht it oan, foaral by it âldere slach folk dy’t krektlyk as mei al jierren ferlyn út it doarp weigien binne. Alderen dy’t foarhinne neat fan facebook ha moasten, binne no hast net efter it skerm wei te slaan.

It is wol frjemd dat immen út Britsum in fb-side opsette moat foar in doarp 50 km fierderop.  Ik bin úteinlik mei ien lid begûn en haw der yn it begjin mar wat dingen opset wêrfan ik foto’s hie. It kafee fan âlde Froukje fan Hiske,  de âlde brêge en de âld skoalle foelen wol yn ’e smaak. Der kamen mear leden, wêrfan sawol jong as âld foar in grut part al lang net mear yn Terwispel wennet, en der waarden ek mear foto’s op setten, foaral mei minsken der op. En dan wol men ek graach witte hokker minsken dat binne. Skoallefoto’s, faak mei nammen, mar ek skoallefoto’s sûnder nammen. Dan komt de sport om efter it boujier fan de foto, en foaral de nammen fan dy bern te kommen.

Fan de oarloch ôf oan ’t no ta is net sa’n grut probleem. Mar fan foar de oarloch leit it wat oars. En om’t der op it stuit sa’n 350 leden binne komme der ek mear foto’s ûnder út ’e laadsjes wei fan mear as hûndert jier ferlyn. Mei minsken der op dy’t no fier oer de hûndert wêze soenen. Skoalfoto’s fan foar 1900, sûnder nammen. Mar wol mei de fraach: “Wa wit hokker bern hjir op stean”. As net ien dat by tafal wit, sil ek net ien dêr efter komme.   Mar we hawwe ûnder ús leden wol immen dy’t we as Joker ynsette kinne, om folk út de histoarje te trasearjen. Dêrfoar kinne wy beskikke oer lid Geert Voolstra fan it Hearrenfean, ienennjoggentich jier. Fokje Dykstra fan’e Gordyk, mei har fiifennjoggentich, ha wy ek noch efter de hân, mar hja sit net op facebook. Geert is wat dat oanbelanget mei de tiid meigien en is dêrom, wat de nijmoadrige kommunikaasje oanbelanget, fan alle gemakken foarsjoen. Geert is hikke en tein yn Terwispel en hat der doedestiids aardich yn it jongfolk omslein, wêrtroch hy no in moaie protte fan tsjin de hûndert jier der útfiskje kin. Foaral de jonge, en soms ek folwoeksene, froulju út dy tiid kin hy mei in eachopslach trasearje. Dêrom is Geert troch syn izersterke ûnthâld foar ús facebook side fan ûnskatbere wearde.

It behearders tal is útwreide nei fjouwer minsken, sadat it altyd trochdraaie kin as ien as twa der in skoft tuskenút reitsje. Dat is noch op te fangen.  Mar as immen as Geert Voolstra der in skoft tuskenút rekket, dan wurdt it minder. Dan sitte wy fuortdaliks mei de hannen yn it hier en moatte wy werom falle op Fokje sûnder fb, en de santigers en tachtigers mei fb Ik hoopje dan ek dat hy alle jierren mar wer syn grypspuit ophellet om mar foar te kommen dat hy siik wurdt. En as ik foar dit nije jier noch in winsk dwaan mei sil dy winsk wêze: Lit Geert Voolstra asjeblyft hûndert jier wurde, as wie it allinne mar foar de facebook side “Terwispel Histoarje”. 

www.henkiefandepolderdyk.nl