Algemeen

“Iedereen heeft het recht om, ook na zoveel jaren, met naam en datum begraven te worden”, skreau in man fan de stichting Find a Grave my. Hy frege as wy him helpe koenen om famylje fan immen te efterheljen dy’t op it Dútske Militaire begraafplak yn Ysselsteyn begroeven is. Wêrom ik, soe men tinke. Dat kaam om’t de fraach telâne kaam by immen fan Terwispel Histoarje, dêr’t ik ek lid fan bin. Dy e-mailde it oan my, mei de opmerking: “Dat liket ús krekt sa’n putsje foar dy”.

It die bliken dat immen mei in frjemde namme en sûnder datum op de stien op dat hôf begroeven is. Allinne mar in namme en mear net. Hja wienen al in oantal jierren dwaande west om te efterheljen om hokker persoan dat gie, oant sy nei alle gedachten de goeie namme fan de man te pakken krigen. In jonge man út de omkriten fan myn bertedoarp.

“Fiifentweintich jier ferlyn hie dat noch net kinnen”, fertelde de man, “mar mei de nijmoadrige kommunikaasje, wêrûnder ek internet, is in protte te efterheljen”. 

Oan my waard no frege as ik famylje fan de persoan efterhelje koe en tagelyk de fraach stelle as it wol kloppe.

Doe’t ik fia de tillefoan kontakt mei de man fan de stichting socht en hy my it ferhaal die fan wat dy jongeman yn it lêstoan útfretten hie en op hokker wize hy oan syn ein kaam is, haw ik al efkes mei de eagen knippere. 

 

Begjin april wienen wy op it Amelân en doe haw ik ek in besite brocht oan de algemiene begraafplak fan Nes. Op dat hôf lizze mear as sechstich  minsken begroeven dy’t yn de twadde wrâldoarloch om it libben kaam binne. Faak seelju dy oanspield wienen nei dat harren boat rekke wie troch Dútsk fjûr. Mar ek bemanning fan fleantugen dy’t troch de Dútsers nei ûnderen helle wienen. Meastal soldaten dy’t der net foar keazen ha om de oarloch yn te gean. 

Op in oantal grêven stie oanjûn dat allinne God wit wa dêr begroeven is. Gjin namme en datum. Mannen wêrfan sommigen miskien wol  frou en bern efterlitten hawwe. 

Jonge soldaten, fan fier wei, dy’t harren rêstplak fûn hawwe op it hôf fan Nes en wêrfan de âlders jierrenlang yn it ûnwisse libbe ha. De âlders hawwe it ûndertusken  mei it grêf yn nommen en no binne der hiel miskien noch broers en susters. Sa net, dan sille de omkesizzers mei it ûnwisse sitten bliuwe.  Soms is mei de hjoeddeiske techniken, lyk as DNA, noch wolris in namme te efterheljen. Yn sa’n gefal kin it ûnwisse mei in namme en datum ôfsluten wurde.

Salang der oarloch is sille dizze foarfallen plakfine. Sjoch no yn de Ukraine. Tûzenen soldaten wurde it grêf ynsketten. Jonge soldaten dy’t net foar dizze oarloch keazen ha. 

Mar ek dizze oarloch hâldt in kear op en dan binne der ek wer in protte âlders dy’t net witte wat der mei harren bern bard is. Drama’s sille harren ôfspylje, sawol by freon as fijân. 

 

Oer it algemien binne de begraafplakken yn Nederlân goed fersoarge, sa ek yn Ysselsteyn. Dochs binne der grêven by dêr’t noch nea immen nei omsjoen hat en ek nea in blomke by lein hat, lyk as it grêf mei de frjemde namme. 

De famylje fan de omkommen jongeman dy’t frijwillich de Dútske kant keazen hie, haw ik mei help fan oaren efterhelle. It hat bliken dien dat hy yn ’e hjerst fan 1944 fan de ierdboaiem ferdwûn wie. Hja hienen nea wer wat fan him heard. It ûnwisse hawwe syn âlders, broer en suster úteinlik mei it grêf yn naam. In drama hat it foar harren west. No koe ik op Goed Freed, 78 jier letter, in omkesizzer fertelle dat hy op Ysselsteyn begroeven is.   

Oer de man syn dwaan en litten wol ik my net útwreidzje om’t ik fan in lettere tiid bin. Begrutsjen haw ik ek net om’t hy, foar safier ik wit, him frijwillich by de fijân oansluten hat. Ik gun him it gelok dat nei safolle jierren in  goeie namme en datum op it krús boppe syn grêf komt te stean. Datselde soe ik dy soldaten dy’t op it Amelân begroeven binne, wêrfan allinne God de namme wit, ek hiel graach tawinskjeλ

hfdp@kpnmail.nl

Foto: Irene Liemburg