Algemeen

Column: Golf as weach

Om’t wy op it stuit noch wolris mei ien as oare golf te meitsjen hawwe, like it my wol wat ta om oer dat wurd in kollum te skriuwen. Ik bin der efter kaam dat soks ek noch net tafalt. Om’t ik it graach sa Frysk mooglik hâlde wol, haw ik my dizze kear mar ris mei de noas yn it Frysk wurdboek drukt. 

En ik moat sizze dat ik nochal wat wurden tsjinkom dy’t ik yn it deistich libben net brûk. Nim as foarbyld de “groene golf”. As wy troch Swol (sizze wy ek net) ride, sis ik net tsjin Geartsje: “We sitte no yn ’e griene weach”. By my bliuwt it griene golf. No skynt dat ek te kinnen, want ik haw in Frysk taalhelpke op myn pc en dy set gjin grimeltsje ûnder golf. Moatte we no golf as weach oanhâlde. 

Wêr’t we tsjintwurdich ek mei te krijen hawwe is it wurd “virusgolf”. Ik sil hjir firusweach foar brûke moatte. Leaver sein firusweach Ien, om’t men der fan út giet dat we ek noch in twadde weach krije. Ek dat wurd brûk ik gewoanwei net. Bûtendat stiet it wurd firusweach ek net yn it Frysk wurdboek

Ik wit wol, der binne in soad wurden yn de Fryske taal dy’t ik net brûkt ha, en tink nea brûke sil. It hat ek te meitsjen dat ik it Frysk allinne mar fan myn âlders leard ha en dêrtroch ek it Frysk brûkte sa as sy dat praten. Doe’t wy ús fyftich jier ferlyn yn Stiens te plak set hienen, moasten we faak oanhearre: “Jimme komme hjir ek net wei”. As wienen we gastarbeiders. Wie úteinlik ek sa, mar ik sei dan mar dat ik hjir foar ûntwikkelingshelp wie en as it regear de subsydzjekraan ticht draaie soe, dat ik dan werom gie nei wêr’t ik weikaam. Mar saterdei waard wol yn ienkear sneon. It fiel waard tsjil en earpel waard ierappel. 

Sa’n firusweach hat nochal wat teweechbrocht. Minsken kamen thús te sitten en binne fan ellinde mar begûn op te romjen. It hûs, hiem en garaazje waard fan foar nei efteren leechhelle en wat fuort koe gie nei it stoart. Mei as gefolch dat de minsken by it stoart harren it apesoer wurkje moasten om al dy rommel te ferwurkjen. Doe’t dat allegear oan de kant wie, hie it folk noch wat tiid oer foar oare putsjes, dêr’t se de lêste tiid hast net oan ta kaam wienen. En neffens de kranten kinne dy oare putsjes wolris ta in berteweach omslaan. Soe my neat fernuverje, want by in stroomsteuring as in swiere ûnwaarsbui wol it ek wolris plakfine dat minsken efkes net witte wat se útfrette sille. Trijefearnsjier letter is faak it resultaat te sjen. Mar berteweach sil ik net gau sizze. Hoecht ek net, want ûnder bertegolf komt ek gjin grimeltsje. Mar wat wer minder moai is, is dat se tinke dat we aanst wolris kâns hawwe op in skiedingsweach (stiet net yn it wurdboek, mar komt gjin grimeltsje ûnder), om’t hja te folle by mekoar op ’e lip sitte en dêrtroch mei mekoar útpraat binne. 

Wêr’t wy op it stuit, as ik dit oan it skriuwen bin, mei te meitsjen ha is in hjitteweach. Ek wer in wurd dat ik oant no ta noch nea brûkt ha. En wat my oanbelanget sil ik dat ek net graach brûke. Want op in hjitteweach sit ik hielendal net te wachtsjen. It hâldt yn dat wy safolle mooglik it skaat op sykje moatte en genôch drinken bliuwe. Lokkich hawwe wy in bushokje efterhûs dy’t middeis yn in skaat stiet, en wy ús wat oanpasse kinne op wat de natuer ús oanbiedt. Want de natuer rêdt him wol en docht dochs wat hy sels wol. Miskien dat it minskdom der wat ynfloed op hat. Soe kinne sizze sommige minsken dy’t trochleard hawwe. Ik kin der yn meigean, mar haw ek myn twivels. Want wy hawwe yn it ferline ek in iistiid hân en dat is ek net kaam om’t alle minsken doe de koelkast iepen set hawwe. Men moat samar rekkenje, it golvet as weaget hieltyd op en del. 

As lêste woe ik noch sizze dat ús jongste soan in oare auto kocht hat: In VW Golf, as dochs in VW Weach 

www.henkiefandepolderdyk.nl