Algemeen

Yn it midden fan de jierren fiiftich boarte ik, mei moai waar, mei myn freondintsje op strjitte, dat koe bêst want folle ferkear wie der hjir net. Wat hjir troch it doarp kaam dat wienen boereweinen mei hynders, in kear as wat deis gie der in bus troch it doarp en sa no en dan seagen we in frachtauto.

By sykte en ek as der ien in poppe krije moast kaam dokter yn de auto del. Dat wie nijs en nijtsjes dêr wienen we hjir, krekt as oeral op ‘e wrâld, sljocht op! Us boartesguod bestie út simpel spul sa as in pop, ketseballen, wat knikkers en sa. Simmers makken we wol in tinte fan in rak en âlde jutesekken, mar net op moandei want dan wie it waskdei en dan moast de wask op it rak. In hiele dei waskje? Ja seker!  Al betiid kaam de hantsjettel op it fjoer en mei in soarte fan houten kniper, fan in meter lang, helle mem de hite wask der út. Dêrnei moast de stamper oan it wurk. Dat wie ferduld moai wurk, je moasten him del drukke en dan kaam er fansels wer omheech. Je koenen der ek op stean en op en del hippe. Ik mocht wol ris  helpe te stampen, mar net mei de hite wask want dan koe ik my wol brâne oan it hite wetter.  - No wit ik dêr alles fan want ik ha in kear, by pake en beppe, myn linker foet ferbaarnd en foargoed skeind. In pine, dat wolle jo net witte! In feansjier koste it om wer better te wurden. It wie in aaklike tiid! Dêrom bêste minsken tink om jo bern en hyt wetter! - 

Wer nei de waskdei, dy wask moast mem sels mei de hân útknipe, útspiele en wêr útknipe. Wat in wurk, gelokkich krigen we letter in wringer, dat wie folle makliker. Alles barde op it hiem en dêr tuskentroch moast der ek noch iten makke wurde. Dat iten by ús bestie meast út wat der fan snein oerbleaun wie mei weake bôle as brij. By Wil thús krigen se op moandei faak oanbaarnd iten, sei er. As dat sa wie wit ik net, mar wol dat de memmen it drok hienen op sa‘n dei.  En doe, op in moandeitemoarn yn augustus, wylst myn freondintsje en ik yn it doarp oan it autopetsjen wienen, kaam in famke op ‘e fyts op ús ôf. Se rôp oerstjoer: ‘Bern, jim moat nei skoalle! Toe gau nei hûs en dan nei skoalle!’ Se hie al by ús thús west want mem stie klear mei skjinne klean. Gau krige ik in feech om ‘e snút en in kaam troch it hier en rûn doe mei mem nei de dyk, wêr al mear memmen mei bern stienen te wachtsjen. By de memmen efterop rieden we op nei Hallum. De juffer fan de earste klasse hie ús  oankommen sjoen en stie by de doar te wachtsjen. Wêrom wy net wisten dat we nei skoalle moasten wit ik net, want twa fan myn broers en ek oare broers en/of susters wienen dy dei al wer nei skoalle. Wat der op skoalle it earste feroare dat wie de taal. Wy mochten yniens net mear Frysk prate en as we dat al dienen dan die juffer as ferstie se ús net, wylst se krekt noch mei de memmen Frysk praten hie. Oan it ein fan ‘e moarn stienen de memmen by skoalle op ús te wachtsjen, mar dat wie foar my drekst de earste en de lêste kear, want foartoan moast ik mei ien fan myn broers meiride, om en om. 

Op ien fan dy kearen stoppe myn broer by de sigarewinkel yn Hijum, dy ek snobbersguod hie en sei: ‘Moast dêr 5 fan dy hoekige droppen keapje.’ en hy joech my in kwartsje. 

‘Hoe komst sto oan dy sinten?’ frege ik. ‘Ut mem har beurs! Net fertelle, dan krijst sto ek in drop!’ En doe? No sjoch, wy krigen soks thús net en dy dikke drop lake my oan, dat ik bin foar de drop gien en ha neat sein. Folle letter ha ik it ris tsjin mem sein. Sy sei dat se wolris jild mist hie en dat se ek wol wist wa dat út har beurske helle hie, mar de jongens moasten heit altyd helpe, dus se liet it mar sa. It wie ris, tusken de middei, dat net ien fan myn broers my op ‘e fyts meinimme woe. Dat wie net sa moai want no moast ik rinne. Gelokkich kaam ien my efterop en dy naam my mei op har fyts. De beide jongens krigen thús it leksum en ien moast werom om my op te heljen. Mar wat wie dy fernúvere dat ik al yn Hijum wie en hy sei dan ek mei ferwûndering: ‘Do kinst hurd rinne!’ 

Dat ha ik sa mar litten want ik krige, as jongste, net sa faak in komplimintsje. 

Ek pake, beppe en tante, dy neist ús wennen, hearden it en dat begrutte har. Pake Durk gie dêrom nei de fytsmakker fan it doarp, dyselde dy alle bern in lyts fytske beloofde en kocht in âlde, fierstente grutte fyts foar my. Pake wist dêr wol wat op en seage, fan in âlde jirpelbak, ferskillende stikjes hout, makke dêr blokken fan en dy kamen oan beide kanten fan de trapers. Sa hong ik net mear fan myn broers ôf mar koe my foartoan sels rêde. 

It fytste swier en ik stie mear op de trapers dan dat ik op it sadel siet mar, al kinne jo it jo miskien net foarstelle, ik wie de kening te ryk

Etie Pasma, Hijum 2022