Algemeen

Kollum Aeltsje de Groot: In moaie ketting

Der wurdt my geregeld frege: hoe betinksto it ûnderwerp foar dyn kollum? Elke moanne wer wat “betinke”, ja hoe docht men dat? Myn antwurd is meastal, dat ik dat soms net iens wit, as ik de “deadline” wer yn sicht ha. 

Mar faak ha ik yn dy wiken dêrfoar wat lêzen, wat meimakke, of wat heard, dat hingjen bleaun is. Faak hiele gewoane dingen, mar dochs wol mei in lyts angeltsje, sadat it fêstheakket ergens yn myn holle. Dat binne trouwens hiele freonlike angeltsjes, dy’t net bot stekke…

Ferline wike makke ik wat mei, wat ek hingjen bleaun is. Ik hie it sa as gewoanlik wer ris drok hân mei fan alles en nochwat. Allerhande saken, dy’t fan te foaren net yn de aginda stiene, mar dochs wer op myn paad kamen. Op in gegeven moment kaam ik út Ljouwert, noch even hurd wat helje by de supermerk. Dêr draaf ik dan ek wer min of mear trochhinne, dus as ik dan thúskom, ha ik yn de regel dochs wer wat fergetten.  Ik hie myn boadskipkes op de bân fan de kassa lein en rûn alfêst nei de ein om alles dêr op te fangen en yn de tas te dwaan.

“Wat heeft u een mooie ketting om” sei de kassière. In simpel sintsje, mar myn dei feroare der fuort-en-daliks fan. Ik fyn it sels ek in moaie ketting, dy’t ik om hie. Moaie, glêdslipe stiennen yn de kleuren beige, oranjebrún en grien, ferbûn troch in soarte fan tin tou. 

En ik stie fuort wer yn dat winkeltsje yn Londen, dêr’t ik him kocht ha. Us Pytsje rûn staazje yn Londen, en Nico en ik wiene dêr in wykein hinne. En der binne in hiele protte fan dy twaddehâns saakjes, dêr’t wy hearlik yn omstrúnt ha. En yn ien fan dy saakjes fûn ik dizze ketting. Ik ha him no dus al 12 jier, mar ja, hy is noch altyd prachtich.

En ik besefte no, dat er eins allinne mar moaier wurden is, troch de oantinkens, dy’t der oan fêst sitte. Mei Nico in wyk-ein nei Londen. Dat wie doe hiel gewoan. No tink ik: wat wie dat bisûnder. Want dat is ien fan de moaie oantinkens, dy’t wy sammele ha yn ús libben tegearre, yn ús libben mei de bern, yn ús libben mei ús wurk. 

Ien opmerking bringt dat dan yn ienkear werom. Ik fertelde it famke, dat ik dy ketting kocht hie yn in vintagewinkeltsje yn Londen, mar se koe net witte, hoefolle oantinkens as der dan ynienen boppe komme. Allinne al it feit, dat ik in kompliment krige, die wat mei my. Dat allinne al wie hiel moai. Mar der kaam mear achteroan. 

En sa kin jin dei dus yn ien kear feroarje. Fan fleanen en draven ynienen werom smiten yn it ferline. In ferline wat fansels fergoed foarby is. En dat docht noch altyd sear, ik tink net dat dat ea oergean sil. Mar it is ek in ferline, wat in protte moaie momenten hân hat. En dy moaie momenten wurde ek hieltyd weardefoller. Yn it begjin fan in rouproses docht it sear om werom te tinken oan alles wat west hat. Blik nei foaren en hupsakee, in bytsje myn ynstelling.

Mar no’t ik al mear as twa jier “allinne” bin, is dat feroare. Dat “allinne” moat tusken skrapkes fyn ik. Want al wenje ik dan allinne, ik fiel my net allinne. Teminsten, meastal net. Mar dat is in oar ferhaal. 

Werom sjen jout no folle mear in gefoel fan tankberens, of eins in gefoel fan frede, berêsting ek. It is sa as it is. En dan komt ynienen dat moment foarby, dat ik dy ketting kocht. En fuort komt dan dat hiele wykein foarby. En oare wykeinen, as wy fuort wiene. It wiene altyd hiele spesjale wykeinen. Want sa faak giene wy net fuort, meastal hâlde it, bûten de fakânsje om, op mei ien wykein yn it jier. Se sitte allegearre noch yn myn ûnthâld. Ik wit noch, wannear en wer ik dat iene jurkje kocht ha, dat ik no noch altyd ha. Ik wit noch hoe’t wy oerenlang rûnswalken yn de dunen by Bergen oan See, sûnder dat wy in minske tsjin kamen.

It is wol hiel sûr, dat it lêste wykein dat wy tegearre fuort wiene, foar my yn it sikehûs einige. Oer de kop mei de fyts... Dochs bliuwt ek dat wykein bisûnder. Om’t wy tegearre wiene.

Gouden oantinkens: in ketting, in klok, in kearsestander, in jurk...Nico

Aeltsje de Groot