Algemeen

Dizze kear giet it oer begijn jierren 60. Wy, myn freondinnen en ik, mochten wat mear omdat we wat âlder wienen. Sa gienen we yn de winter op sneontejûn nei de “instuif”, dienen dêr spultsjes, draaiden musyk en dûnsen op ús manier. Prachtich!  

Ek draaide der yn it winterskoft in film fan it Reade Krús, yn de Herfoarme tsjerke. Wat wienen dat spannende films, ik koe dêr nachts soms net fan sliepe. Yn it kafé mochten wy net komme, mar dat lokke ús ek net want it folk dat dêr kaam wie folle âlder en hie meastal in stik as wat te folle hân. Wy kamen net iens yn ‘e buert want búten stonk it omraak omdat de klanten, troch al dat bier, ek wat kwyt moasten.  

 

Doch binne mem en ik op in jûn al ris nei it kafé west. Dat gie sa, it wie op in moaie, waarme simmerjûn, sawat healwei njoggen. We rûnen tegearre in blokje om en doe de herberg yn it sicht kaam fielde mem yn de bûse en sei: ‘ik ha hjir noch wat lyts jild, sille wy in ijsco keapje?’  Fansels fûn ik dat goed. Wy gienen nei binnen, it wie dêr tsjuster en snústerich mar de bel rinkele omraak. Der kaam lykwols net ien, dus sloegen wy noch mar ris tsjin de bel. Einliks hearden we ien oankommen. It kasleinske kaam oansloffen en har súterige jurk paste wol by de omjouwing. It sil wol in âld jurk west ha dy no as nachtpon tsjinst die. It hier siet har wyld om ‘e holle, se hie gjin tosken yn ‘e mûle en ûndúdlik frege se: ‘Hoe komme jim der yn?’  ‘Troch de doar.’ sei mem. ‘Och hea, ha ik dy net op slot dien! Mar wat wolle jim hjir?’   ‘In ijsko keapje.’   ‘In ijsko?’   ‘Ja!’  Der kaam in grut bosk kaaien út ‘e bûse fan de jurk, alias nachtpon, dy hie se dus nachts mei op bêd! Se makke de frieskist iepen en alles wat wy seagen wienen pûden mei befêrzen griente. Nei dat se dy oan ‘e kant lein hie kamen de “Okay” ijsko’s foar it ljocht. Se joech ús elk ien, pakte mem har sinten oan en die de foardoar drekst efter ús op slot. ‘Ha wy efkes gelok dat se fergetten hie om de doar op slot te dwaan!’ sei mem en dêr wie ik it mei iens want wy krigen net sa faak in ijsko en hielendal net op in jûn. Wol kaam der simmersdeis sa no en dan in ijscoman del, dat wie Douwe Lolly! Dy hie in beste bel op syn karre en as er dy, bij de Hijumer brêge, brûkte koenen je him yn hiel Hijum hearre. Ik kin jo foar wier fertelle dat er dan, yn in pear tellen, gjin bern mear op strjitte wie. Elk wie nei hûs om sinten te freegjen foar in ijsko. Hij hie fan dy staven iis en in lineaaltsje wêr hy in ijsko mei ôfmjitte koe, Je koenen kieze út ien fan in dûbeltsje, fiiftjin en tweintich sinten of ien fan in kwartsje. Wij krigen meast ien fan in dûbeltsje. Oan beide kanten kaam der in koekje en dan moasten je goed slikje, oars raande er en rûn it iis je by de hannen del. Wylst ik dit opskriuw krij ik súver sin oan ien, sa lekker wie dat! En no we it dochs oer lekkere dingen ha wol ik ek wat fertelle oer wat oars wat hjir yn dy tiid te krijen wie en dat wie patat. Efkes bûten Hijum, oan de kant fan Hallum, wenne in grut gesin. De man wie arbeider by de boer dêr en syn frou, Moeke Patat, makke lekkere dingen yn in frituerpanne. Soks hienen wy yn Hijum noch nea hân en ik moast der op sneontejûn wol gauris hinne om wat op te heljen. It wie yn de tiid dat der ek wolris feintsjes, op fytsen, delkamen foar de Hijumer famkes en ek dat wie foar ús wat nijs. Mar dat wende gau en we troffen mekoar dan wol by Moeke Patat en wienen bliid, omdat wy sels net folle jild hienen, dat we in pûde patat diele mochten. In moaie tiid! Dan no noch wat oer de skoallefakânsjes. In protte bern woenen dan wol wat fertsjinje en ús heit hie skoallejonges te jirpel sykjen. 

 

Op sneontemoarn nei it wurk stienen dy dan op har lean te wachtsjen. Elk sei hoefolle er opsocht hie en wachte op it lean. Alhoewol ik ek meisocht, krige ik gjin lean en dat sinnege my net, dus gie ik dêr op in kear ek by stean. Alhoewol ús heit net folle seach, hie er my troch en sei: ‘Do en ik rekkenje letter wol.’ Dat letter wie op myn jierdei. Dy moarns moast ik noch mei nei it lân, mar de middels gie ik mei mem nei de stêd en dêr mocht ik, as lean foar it jirpel sykjen, in nij horloazje útsykje. Dat klokje koste 128 gûne, wit ik noch. It wie minder as dat de jongens krigen hienen mar dy koenen ek hurder sykje. Hoe dan ek ik wie bliid mei myn klokje en de jûns op myn feestje liet ik it sjen. Heit siet by de âlderen en wy, it jongfolk, yn de oare keamer. Hy rôp my en sei: ‘Lit ris sjen watst fan my op ‘e jierdei krigen hast’.  No wie ik wol aardich mûlryp en frege  drekst: ‘Ha ik dit op ‘e jierdei krigen?’  ‘Jawis, do bist hjoed jierdei net?’  ‘Okay, bedankt, mar no wol ik dy 128,00 gûne ek noch barre wêr ik foar jirpelsocht ha!’  Dat waard wat lakerich ôfdien, mar in oanhâlder wint, en sa krige ik noch wat ik fertsjinne hie! 

Etie Pasma, Hijum 2022