Algemeen

‘It musyk giet troch de buorren, it is allegearre feest’ sjongt it ferske fan Folkertsma!  Dizze kear giet it stikje skiednis fan Hijum oer muzyk en dan begjin ik mei it muzykkorps ‘Crescendo’ fan Hijum-Feinsum.

Ien fan harren optredens is by de optocht fan it doarpsfeest, wat it iene jier yn Feinsum en it oare yn Hijum is. As de optocht op it feestterrein oankommen is folget de iepening troch de foarsitter en dêrnei spilet it korps wer en elk dy dat wol kin mei hosse! Neidat it korps útspile is set de draaimûne yn mei draaioargelmuzyk! Fan dy draaimûne makket men op ‘e neimiddei in sweef. Alhoewol it my no, as ik nei in sweef sjoch, al begjint te draaien, fûn ik it sweven yn myn jonge jierren geweldich. De draaimûne wie fergees mar we moasten foar de sweef betelje en dan wienen ús sinten gau op! No hienen se doe in tsien rittenkaart en je moasten dan 10 ritten betelje mar mochten der 11 kear yn en dêr makken wy gebrûk fan! 

Efkes der tusken troch, fan it doarpsfeest fan 1953 is in film makke. Prachtich is it om dy sa no en dan wer te besjen, want dan komt hiel âld Hijum en Feinsum wer ta libben!

 

Wer nei de muzyk. Ea hienen we hjir twa koaren en wennen der hjir muzikale minsken sa as dirigenten en guonnen dy ‘t oargelles joegen. Omdat myn broer en sus oargel spylje koenen woe ik dat ek graach leare. Dat mocht, allinnich myn hannen wienen earst noch te lyts, mar doe ik mei elke hân acht toetsen berikke koe mocht ik op les. Nei in jier as wat kaam myn leraar by heit en sei dat ik no goed genôch spylje koe foar húslik gebrûk mar dat ik wol troch gean koe foar tsjerkeoargelist! As reden hie er, dat ús dûmny wol ris in berop krije koe en dan soenen wy net allinnich sûnder dûmny mar ek sûnder oargelist sitte, want syn soan spile sneins yn ús tsjerke. Heit frege wat ik dêr fan fûn en it like my wol wat, mar dat betsjutte dat ik oefenje moast yn tsjerke want ús âld traapoargeltsje hie gjin fuotpedaal. Doch waard it oargeltsje wol brûkt want op sneintejûn, as it iten op wie en it tiid wie om ôf te waskjen, sei mem, dy graach sjonge mocht: ‘Ik rêd my hjir wol, gean do mar efter it oargel.’ No fûn ik dat net slim, want ôfwaskjen wie myn hobby net. Stadichoan kaam der folk del en sa songen we, al of net op stimmen, in lytse oere allegearre ferskes. De húzen wienen doe hoarich, bûten koe men ús wol hearre en simmers stienen der bûten wol minsken te harkjen of mei te sjongen. En ús mem, dy koe de ferskes út ‘e holle en stie efter har âfwasktobke mei te sjongen! Letter bin ik dus yndie tsjerkeoargelist wurden en spile sneins twa kear. Wil en ik trouwden yn 1969 en doe der nei goed in jier in poppe kaam koe ik net mear twa kear sneins spylje! Mar dêr kaam help en sa spilen Wil en ik de iene en myn broer en in oare boer út it doarp de oare snein.

It barde ris dat myn broer ûnder de preek yn ‘e sliep foel. Hy hie dy nacht kjellerij en it fel hast net oer de eagen hân, dus de lea bejoech him. Alhoewol de dûmny, nei de preek, al twa kear sein hie wat we sjonge moasten bliuw it boppe op ‘e kreake mûsstil. De koster kaam oerein, sloech op de trep en rôp: ‘Hé jong, wekker wurde!’ Dat holp, der kaam lûd boppe en in sêft gerûs gie troch de tsjerke, it oargel kaam op lucht. Wat ûnseker begûn er en it gie dy kear net as oars, doch binne we tagelyk op ‘t ein kommen en dat is altyd in fernaam ding! 

Sels hie ik sa no en dan in berne-koarke, foar de kryst of in kulturele jûn, en dy bern hienen doe sels mar in namme foar it koarke betocht! Der wie yn dy tiid in tillevyzje-serie dat hiet “The A-Team” en dêr makken sy fan “The Etie-Team”. Aardich betocht no? 

Werom nei ús korps. Dat docht ek mei oan konkoersen en goed fiiftich jier ferlyn gienen se dêr wol in hiele dei mei in bus hinne. Om dy fol te krijen mochten der ek gasten mei, sa bin ik ek meardere kearen mei west. Prachtige reiskes wienen dat!

 

Noch in aardich ferhaaltsje fan in oar korps út Fryslân, dus net it Hijumer. Sy hienen in earste priis helle op in konkoers en fierden dat mei wat drankjes! Doe de bus om middernacht yn it doarp stoppe sei de foarsitter: ‘Bêste minsken, wy ha in earste prijs helle en dat is moai, mar dat witte se hjir noch net en dat moat al! Dat ik soe sizze, pak jim ynstrumint, dan meitsje we noch in rûntsje troch it doarp!’ Sy ha doe de hiele mienskip wekker toetere en sa wist elk dat se in earste prijs wûn hienen. In geweldige aksje!

In muzykkorp is foar in doarp geweldich en it is spitich dat yn sommige doarpen it korps “ter ziele” is. Wy, yn Hijum-Feinsum, binne sa gelokkich dat ‘Crescendo’ noch bestiet en dat se hjir, sa no en dan, foar hiel wat muzikale fleur en kleur yn ús doarpen soargje! Hulde!

 

Etie Pasma, Hijum 2022