Algemeen

Dizze kear wer in stikje oer ús Hiske, it poeske dat ris preaun hie fan de advocaat en dêrtroch in kater krige, witte jo noch wol?

Hiske is in leaf en bysûnder bist. Wie se doe we har krekt hienen noch wat foarsichtich yn har dwaan en litten om’t Bessie, ús swarte labrador, grutter wie. No makket se har wat langer wat mear baas en de útspraak, dat in hûn in baas hat en dat in kat baas is, kloppet dus wol.

Sadwaande hat Bessie de lêste tiid wol respekt foar Hiske en dan foaral foar har neilen.  It is sels sa dat it earme bist somtiden neist har eigen koer lizzen giet as Hiske der al yn leit.

Mar oarsom krûpt Hiske gewoan neist Bessie en as se tinkt dat se te min romte hat soarget se der wol foar dat Bessie wat opskikt.

 

Wy fine it net slim en ha der gjin lêst fan dat it in pittige tante is, want wy litte net oer ús hinne rinne. Mar it wie in skoftke wol sa dat wy har sa no en dan “de plysje” neamden omdat se ús dan as in plysje oanhold. Earst hienen we net troch werom se it die, mar letter murken we dat se dat die as har itensbakje leech wie. Dat gie sa, as ien fan ús nei de bijkeuken gie, wêr de itens- en drinkbakjes foar de bisten steane , fleach se foar ús út, sprong op de waskmesine, pakte ús by de mouwe en miauwde omraak. Jo sille tinke lit dan ek wat yn it bakje stean! Dat dienen we earst ek wol mar as Bessie, dy in echte slokop is, der dan lâns rûn helle dy de tonge troch it bakje en leech wie it. Fansels ha wy dêr wat op fûn en stie it bakje fan Hiske letter op de waskmesine, as we dy net brûkten. Sa koe Bessie der net by mar Hiske wol en sy sei dan ek har baan by de plysje op.

 

Mei Wil hat se wat bysúnders en se wit krekt wanneer hy út it wurk, mei de auto, thús komt. Wy tinke dat se de auto heart, want drekst letter sit se efterhûs foar it rút te mâlbearen dat se deryn wol. Neidat  ik har de poatsjes ôffage ha giet se mei my yn ‘e hûs. Op de drompel fan de keuken nei de keamer bliuwt se sitten en sjocht nei Wil, dy op de bank de krante efkes troch nimt. Hy sjocht har dêr wol sitten, wit wat der barre sil en seit:‘NEE!’ Hiske knypeaget wat nei him, as wol se him ferliede, miauwt sêft en docht in stap de keamer yn.

Wil: ‘NEE’ Hiske knypeaget wer, miauwt wer en docht wer in pear stappen. Hoe faak hy ek nee seit, Hiske giet troch oant se by de bank is, springt dan op de rêchleuning fan de bank en bliuwt dêr efkes sitten. Dan docht se yniens in sprong en as hy der net om tinkt komt se op ‘e krante te lâne of giet der dwers troch hinne.  Mar sy is dan wêr se wêze wol en jout har ûnder de krante del by Wil op ‘e skurte.

No hat hy dêr alle dagen wol wer aardichheid oan en tinkt der wol om dat de krante meast hiel bliuwt.

 

Mei Bessie is dat oars, dy fynt it mar neat en moat der goed oan wenne dat it poeske har de baas is. As se yn ‘e koer leit te sliepen en Hiske wol oangean of oandacht dan makket se de hûn wekker. Dat docht se ek fan de bank ôf en Bessie krijt dan gewoan in pear tikken op ‘e kop.  Dan siket Bessie, dy wekker wurden is, om help, wylst Hiske as de ûnskuld sels op de bank leit, sa as op de foto te sjen is.

Mar leau mar dat se krekt in pear bêste tikken hân hat!

Bessie sjocht my dan ek oan as woe se sizze: ‘Sis do der no ris wat fan!’ No ja, dat doch ik dan ek mar en bring Hiske nei bûten. It núvere is dat Bessie der dan ek út wol. Sa kin it barre dat se, by moai simmer waar, efkes letter tegearre op it terras lizze, beide mei de tonge in ein út ‘e bek. Bessie omdat se it warm hat en Hiske, dy de hûn noch altyd as har grutte foarbyld sjocht, omdat se tinkt dat soks sa heart. No is elts minske en elts bist bysûnder, mar ús Hiske, dy is wol hiel bysûnder   

Etie Pasma, Hijum 2021