Algemeen

It is wer hjerst en ik wit net hoe it jo giet, mar it makket my súver wat mankelyk om’t wy de simmer en foaral de simmerwaarmte misse moatte. No binne de simmers hjir net altyd like waarm, mar as we in moaie simmer ha dan kin ik foaral genietsje fan de waarme simmerjûnen. Want as it hyt is dan kom ik deis net bûten, mar dan is it jûns sa moai om bûten te wêzen of in blokje om te rinnen. Ek mei ik dan graach, yn alle rêst, noch efkes bûten sitte en allinnich mar sjen en lústerje nei de fûgels dy ‘t earst noch sjonge, mar as it dûnkerder wurdt in plakje sykje foar de nacht. 

Al is it no hjerst, we kinne we noch bêst in moaie neisimmer krije en dêr hoopje ik ek op. Oer sa'n moaie neisimmerjûn, fan in jier as wat ferlyn, ha ik in wierbard ferhaaltsje. It wie tsjuster, ik siet foarhûs, it wie noch goed tweintich graden en wynstil. Ek op strjitte wie it stil, allinnich in lette lyster liet sa no en dan syn lûd noch hearre. Yn ‘e fierte hearde ik fuortstappen en efkes letter kamen in man en in frou om ‘e hoeke. Efkes tocht ik der oer om harren te groetsjen, mar woe harren net steure en hold my stil. Se wienen hast oan my ta doe de man in frjemde beweging makke, dy ‘t folge waard troch in lûde knal. It knettere troch de strjitte. Myn oare helt seit dan meast, as hy soks heard: ‘Dy hat de remspoaren yn ‘e broek’. De frou seach skrillich om har hinne, mar se seach my net, want protteljend sei se tsjin de man: ‘Moat dat no sa mâl? Gelokkich binne der gjin minsken op strjitte!’ De man grommele wat werom. It wie ek sa, der wie doe gjin ien op strjitte, mar ik wie al yn ‘e buert en ik hearde it ek!

Al tinke we by it seizoen hjerst faaks oan rein, kjeld en in stoarmige wyn, de hjerst hat ek syn moaie kanten. Sjoch mar ris nei de grûn wêr de beamen in loper foar ús útlein ha fan blêden. Safolle moais fan wat allinnich mar ôffal is. As ik al dat moais sjoch dan kinne der samar wat rigeltsjes yn my opkomme sa as dizze: “De natûr hat tûz’nen blêden foar ús útspraat himelskbreed, brúne, giele, reade, griene, ‘t liket wol in gouden kleed.”

Alhoewol it in moai gesicht is kin ik my foarstelle dat jo dy blêdeboel mar lêstich fine. It is ommers in hiel wurk om je paadsje eltse dei mar wer skjin te feien sadat je der, by wiet waar, net oer útgliidzje. Mar it heart no ienkear by dizze tiid en wat der ek by heard dat binne de spinnen en spinnewebben. Mislik noch ta, je kinne net in stap bûtendoar sette of de trieden hingje je om ‘e holle en as it tsjin sit hinget der in grouwe spin by. As der ien bist is wêr ik in hekel oan ha dan is dat wol de spin. No is dat net mei elkenien sa, want ik lies earne dat je dy “bistkes” bûten sette moatte. Ús dochter die dat ek, doe se noch yn ‘e hûs wenne. Se hie ris ien yn ‘e hân en soe dy bûten bringe, mar it bist hat it dêr fêst benaud krigen, want hy biet har en se hie letter twa reade bytpuntjes yn de hân. Doe tocht ik dat har leafde foar de spinnen wol oer wêze soe en ik sei dan ek: ‘Meitsje him dea!’ Mar dat hie ik net red, och heden nee, se sette him bûten en noch letter, doe se op harsels wenne, hie se sels in hûsspin. Dy siet yn in hoekje fan ‘e keamer en doe ik dy der in kear wei helje woe mocht dat perfoarst net. Sjoch soks kin ik my net foarstelle en myn mem eartiids ek net, want dy sei altyd: ‘Ik fermoardzje se twa kear, earst pak ik se mei in stik húskepapier, knyp se dea en dan fersûp ik se yn it húske!’ En sa doch ik it ek, mar as it in hiele grutte is, dan freegje ik myn oare helte om help, mar dan oerlibbet de spin it ek net! Wil is net bang foar spinnen en syn heit, myn skoanheit dus, neamde it eartiids “ ús maten” want sy pakten de miggen. Foaral de blaumiggen hienen se in hekel oan yn in slachterij.

No ha we yn dizze tiid net allinnich lêst fan de spinnen, mar ek fan de spinnepoep foaral op de finsterbanken. Ik ha my wol ris ôffrege wêrom it krekt dêr eltse dei wer sa smoarch wie. In skoftke ferlyn ha wy sjoen hoe dat komt. Der siet in spin oan de boppekant fan it rút. Goed begripe, oan de bûten-kant no, net fan binnen want dan hie er no net mear libbe! 

Deis seagen wy him hast net, mar yn ‘e skimerjûn kaam er foar ‘t ljocht en dat wie foar ús goed te sjen. In kear hie er in mich te pakken en rôle dy yn it web. Yniens liet er wat fâle, hy poepte dus en dat plofte op de finsterbank. Sa komt it dus dat wy wol oan it finsterbank himmeljen bliuwe kinne! Oan it ein fan dizze column noch wat oer ús fluwielbeam. Yn de maitiid sitte de griene plúmen al betiid tusken it nije grien en in skoftke letter ferkleurje dy nei rôze-read. It is no noch wat te gau, mar aanst ferkleurje de blêden fan grien nei read nei oranje nei giel, sa as op in eardere foto te sjen is. En eltse hjerst is it wer in pronkje yn ús tún efterhûs.

Etie Pasma, Hijum 2021