Algemeen

Column HvdP: Draagconsulent

Soms is de ynspiraasje wolris fier te sykjen om in kollum op papier te krijen. Dat wurdt dan stinnen. Mar soms kin it wêze dat it samar út’e pin fljocht, krekt as dizze kear nei it lêzen fan in oar syn kollum.  

Foarige kear skreau Aeltsje de Groot in kollum oer “Sûne modder”.  Moaie kollum dy’t my werom tinken die nei myn eigen earste jierren. Ek ik sil doedestiids wolris in hap modder nei binnen wurke ha krekt sa as wy ek it wetter út’e  sleat dronken. 

Mar yn deselde Stienser stie ek in útnoeging fan it Griene Krús út Berltsum/Wier om in lêzing by te wenjen oer it opfieden fan jonge bern. 

Om’t ik him koartlyn noch yn de hannen hân hie, wist ik dat ik by myn berte yn 1948 ek al mei  It Griene Krús te meitsjen hân hie. Myn kaart fan it konsultaasjeburo yn Langsweagen. Oan de iene kant stie hoe swier as ik alle kearen wie as ús mem de lange reis fan de Damslûs nei Langsweagen makke om my weage te litten. Oan de efter kant fan it feltsje papier stie wat de wykferpleechster oanriede hokker iten ik ha moast. No hie ús mem al trije bern grutbrocht, twa yn de krisistiid en ien yn de oarloch, wêrtroch sy sels ek wol it ien en oare wist fan hokker iten as de bern ha moasten.

De lêzing yn Berltsum waard fersoarge troch in ortopedagooch dy’t ek draagconsulent wie. Beroppen dêr’t ús mem en miskien ek Aeltsje har mem, noch nea fan heard hienen. Miskien bestienen se doedestiids net iens. Ik tink dat de konsulint fan hjoed de dei oar iten foarskriuwt dan dat ús mem op har briefke stean hie. 400 gram komolke mei 200 gram wetter fertinne en om dochs wat oan te kommen noch mar twa teeleppels sûker der troch. Dat alles om’t ús mem gjin molke mear produsearre en de hjoeddeiske keunstmolke noch net bestie. Foar ús mem wie dit de maklikste wei om’t der folop molke fan de ko wie. 

De moalkoekjes haw ik lang lekker fûn en de “pap” sil wol sa gau as it mar koe oergien wêze nei sûpenbrij. Fierder wie it ytpatroan oanpast mei wat de grientetún te jaan hie. Ik leau ek net dat de konsulint krekt en gelyk as Aeltsje har mem roppe sil dat men fan modder iten grut wurdt. Sels it wurd sûker is hjoed de dei gelyk oan fergif. Mar tiden hawwe tiden en de konsulint docht it mei de bêste bedoeling  om it op har wize te bringen sa as sy dêr foar leard hat. Lyk as de wykferpleechster fan it konsultaasjeburo it mei de bêste bedoeling die om fan my in sûne jonge te meitsjen. 

It wurd “draagconsulent” wie foar my ûnbekend. Mar nei it lêzen fan it stikje kaam ik der efter dat it foar sommige minsken net maklik is om in bern op’e earm te dragen. Ik ha ús mem der nea oer kleien heard. Sy hie der ek wol slach fan en hie, foar safier ik wit, der ek gjin frjemde kwalen fan oerholden. Ek Geartsje haw ik der nea oer heard dat it har te folle wie om mei ús bern om te tôgjen. Wol dat se mei de trije bern wolris in earm te min hie. It waard my allegear dúdliker doe’t ik op in middei by in oppasbeppe kaam dy’t mei har beppesizzer op it liif rûn. It foldie har tige skoan en se hie wol wollen dat it al bestien hie doe’t har eigen bern lyts wienen. En fertelde sy: “De bern sjogge no ek folle mear fan de wrâld dan dat sy yn in bernewein lizze. Dan sitte se mar tsjin dy kappen oan te sjen”. Dat lêste kin ik my hielendal yntinke want ik ha eartiids yn de djipte fan in âlderwetske bernewein lein en foarearst fan de omjouwing neat meikrigen. Ik sil alle kearen wol bot skrokken wêze as der wer ien mei syn kop boppe de wein hong, om’t ik him net oankommen seach. En ek at sy my der út tilden moat ik alle kearen skrokken wêze fan de omjouwing om’t ik yn de wein allinne mar de blauwe as donkere loft seach. Fan de bernewein is ien foto bewarre dêr’t ik ek yn sit. Die is makke mei in optocht yn Terwispel en ik bin dêr seis jier. Ik hie doe in stove en in holle kessen ûnder de kont, oars koe ik noch net oer de râne sjen. Lokkich foar it frommeske, dat de wein treau, dat it 1954 wie. Tsjintwurdich soe ik yn in draachdoek foar it liif hong ha en wie it foar har in lange en drege optocht wurden. 

hfdp@kpnmail.nl 

(Mei tank oan Aeltsje de Groot en it Griene Krús fan Berltsum/Wier)