Algemeen

Foardat we nei de winkel soenen seach ik yn 'e spegel hoe it mei myn hier like en sei tsjin myn oare helte: 'Ik koe de bokkeprúk wol op ha.' Wylst ik it sei tocht ik, dy útspraak betsjut fêst wat oars, mar wat ek al wer?

Foar de wissichheid kaam letter de 'Dikke van Dalen' út de boekekast en dêryn stie ûnder oaren: ' De bokkenpruik op hebben = slecht gehumeurd zijn.'

No hie ik net in min sin, dus dy útspraak hie ik net goed brûkt.

Wat my ta dy útspraak brocht wienen ús kapsels wêr 't al lange tiid gjin kapper mear oer gear west hat en myn man neamt it dêrom syn 'Corona kapsel'. Wy ha beide krollich hier. By him binne it echt krollen mar by my is it slaggerich en as dat wat langer wurdt, stiet it echt alle kanten út.

Yn de tiid dat ik in famke wie fan trettjin-fjirtjin jier, wie it moade dat fammen lang hier hienen en dat woe ik ek. No is dat gewoan in kwestie fan groeie litte, dan wurdt it fansels lang, want it is krekt sa as in kennis fan ús it eartiids sei:' lang hier en lúzen, dat krij je fansels en foar niks!'

Om dy groei periode troch te kommen dat wie wol wat. Myn heal lange hier wie neat mei te begjinnen, allinnich as it goed lang wie dan like it goed. Mar ik wol net mear lang hier ha, dat noch efkes folhâlde dan is de kapper wer iepen en kin de skjirre der yn. 

En no ha we de jûnsklok. Dat is in frjemd wurd en ik tocht, soe it wol geef Frysk wêze?

Dus mar wer nei de boekekast om it Frysk-Nederlânske wurdboek en dêr koe ik it net yn fine. 

No witte twa mear as ien, want myn man sei: 'Moast ris yn it "Nederlânsk-Frysk" wurdboek by 'avondklok' sjen.' En ja hear, dêr stie: 'Avondklok, verbod zich 's avonds en 's nachts op straat te bevinden = jûnsklok!'

Dy 'avondklok' is niks nijs want yn de oarloch hienen se dy al, mar hy hie doe wol in oare lading. 

De oarloch ha ik net meimakke, mar myn âlders en pake en beppe wol. Sy fertelden my hoe it der hjir doe om en ta gie en út dy ferhalen wit ik dat it in bange tiid wie. 

De Dútskers neamden it (sperrzeit) wêr 't se hjir doe spertiid fan makken, mar it wie dus it selde as de jûnsklok dy wy hjir no ha. Doch wie der in hiel grut ferskil, want je koenen doe de kûgel krije en dea sketten wurde, as je jûns of nachts oanholden waarden en útnaaiden. Lit stean as je de boel fernielden, sa as we de lêste tiid op de tillevyzje sjoen ha. 

Mar no fierder, wat stiet ús fierder noch te wachtsjen?

Ja, fansels, earst de prikkerij!

No ha je prikkerij, en prikkerij. Ien dêrfan ha wy yn 'e winter in protte lêst fan en dat komt fan ús bank yn 'e keamer. Dêr sitte wy jûns op foar de tillevyzje en simmers is der niks mis mei, mar as de temperatuur wat nei ûnderen giet begjinne de problemen. Dan wurdt dy bank sa statysk dat as je efkes nei de keuken binne om in nij bakje kofje en je tinke der net om dan krij je yniens in klets fan it oanrjocht of de kuolkast. Je sjogge dan gewoan in blau flamke oerspringen. Mislik, wat in skrik eltse kear, mar we ha no in kleed oer de bank lein, dat dêr binne we ôf.

En no komt dy oare prik noch. Och sa 'n prikje is net sa slim, want ik spuitsje mysels faak, dus it prikje, is it slimste net. Mar ik freegje my ôf, wat sit der allegearre yn sa 'n spuit? 

Jierren lang ha ik de gryp-spuit hân en ek jierren lang wie ik, efkes dêrnei, trije wike goed siik. 

Doe ik dokter dêrnei frege sei er: 'It soe eins net kinne moatte, mar je krije wol wat fan it firus ynspuite, dat.... ja..... miskien..... As ik jo wie soe ik it in jier oerslaan en dan sjogge jo it wol.' 

Dat ha ik dien en ik ha nea de gryp wer hân en dy prik ek net wer fansels! 

Mar de fraach bliuwt, moat ik dy Coronaspuit ek stean litte, mei de kâns om it firus te krijen? 

Witte jo it? Ik net. No ja, ik bin noch net oan 'e beurt en ha noch efkes tiid om der oer nei te tinken.

En tsjin dy tiid sil de kapper ek hast wol wer iepen wêze, tink ik. It sil my al benije wat se dan seit, want nei de earste lockdown doe myn man wer by har yn 'e stoel siet, rûn se om him hinne, beseach syn hier oan alle kanten en sei:' Ik wegerje dit te knippen! Dit is sa moai, dit moat der net ôf!' In aardich grapke!

Mar der barre wol mear aardige dingen de lêste tiid, tink mar ris oan de swalkstienen. Prachtige stienen, moai beskildere mei flinters, fûgels, blomkes, ingeltsjes en gean sa mar troch. 

It is de bedoeling dat je, as je sa 'n stien fine, dy op in oar plak del lizze en fierder swalkje litte.

Sa kin je in oar der wer bliid mei meitsje. 

In moai idee, wêr je bliid fan wurde kinne en wer je yn elts gefal gjin bokkeprúk fan op krije!

Etie Pasma, Hijum 2021

Nb. Kollega Henkie, noch lokwinske mei jo column nûmer 75.