Algemeen

Column: In moanne lang frij

Yn in tydskrift waard de fraach oan in oantal minsken steld: wat soest dwaan ast in hiele moanne frij wiest. Sûnder wurk, sûnder ferplichtings. 

Hast sûnder útsûndering woe elk dan mear mei it kreative, it jin sels ûntwikkelje oan de gong. Of gewoan op de fyts stappe, en mar sjen wêr jin ‘telâne komme. Fansels ha ik dit sels ek hiel faak tocht. Foaral it lêste jier foardat ik ophâlde soe mei myn wurk, fantasearre ik geregeld oer it ynfullen fan al dy frije tiid, dy’t der oan siet te kommen. Underwilens ha ik al hast sân moanne “gjin wurk” mear. En ik kom der achter, dat “hielendal neat” net bestiet. Teminste net yn myn wrâld. In moanne mei hielendal neat, sûnder ferplichtings ha ik noch net fûn yn myn bûsboekje. Ik freegje my ek ôf, as ik dat wol. Wat is frij, wat is neat? Hoe hie ik my it libben eins foarsteld?

Ik ha wolris neitocht oer de “ideale” dei. Hoe sjocht dy der út? Rêstich oan begjinne. Bakje kofje, stikje bôle, de krante. In eintsje rinne. In stikje skriuwe. 

En earlik sein, hâldt it dan al op. Fansels, ik kin it mandelatekenjen wer opnimme. Ik kin de naaimesine ris op tafel sette. Ik soe myn hûs ris fan boppe oant ûnder oprêde kinne. 

Mar gek genôch is it dêr noch net iens fan kommen. 

In pear wike lyn wie ik by in muoike fan my, in healsuske fan ús mem. Dy is mear as fjouwer jier jonger as my (klinkt frjemd, mar it is no ienkear sa) en hat har wurk opsein om allerhande redens. Ien dei yn de wike past hja op. Mar fierder...”Ik sjoch as de dea tsjin de winter op. Wat moat ik hjir alle dagen dwaan?” Hja is wer drok oan it sollisitearjen. Ik snap dat hielendal. As ik ris in dei neat yn it bûsboekje stean ha, tink ik: “oh, lekker. In hiele dei foar mysels”. Mar geandewei de dei merk ik dat ik wer ûnrêstich wurd. Dat ik wat dwaan “moat”. Dat ik it gefoel ha, dat ik tiid ferlummelje. Wat op sich net ferkeard skynt te wêzen. En eins is dat ek wol it antwurd, dat jûn waard op de fraach: “wat soest dwaan ast in moanne frij bist?” Nimmen dy’t seit: dan doch ik in moanne lang neat. Ik gean moarns op de stoel sitten, en sjoch wol wat der bard. Nee, elk hat allegearre plannen en ideeën, dy’t der foar soargje dat alle dagen fol binne, en foaral ek sinfol. In dei fytse soarget der ek foar, dat der aksje is. In dei skriuwe of skilderje ek. Hûs opromje, no sinfoller kin ik it hast net betinke.

De konklúsje is dus, dat in minske op in sinfolle menier troch it libben gean wol, ek yn syn of har saneamde frije tiid.

Ik kin my dêr hielendal yn fine. Ik merk, dat in omlummel-dei wolris lekker is, mar dat it better mei my giet, as ik in doel ha. Dat ik moarns wit wat ik dwaan moat.

En it is wol sa, no’t ik de druk fan it wurk net mear ha, dat dat allegearre wat ûntspannender kin. Ik kin my moarns noch wolris in kearke omdraaie, as ik in nacht min sliept ha.

Ik kin (meastal) wol rêstich oan begjinne mei myn bakje kofje en myn krantsje. En dan komme de dingen dy’t op it listke steane fansels wol yn de rin fan de dei. Soms moat it op oere en tiid, mar hiel faak kin ik sels de tiid foar myn dingen ynplanne. En dan rint it ek wolris wat oars.

Dizze kollum stie al earder op de planning. Mar doe die bliken, dat de inkt fan de printer op wie. En ik moat foar jûn noch dingen útprintsje. Dus dan dochs earst mar om inkt út, en tagelyk noch wat oare saken, dy’t no fuort ek wol even meinommen wurde koene.

Doe’t ik thús kaam, skynde de sinne hearlik, prachtich waar foar de tiid fan it jier. Dus earst mar even in bakje kofje, en noflik bûtendoar sitte.

In bytsje struktuer is net ferkeard ha ik wol fernommen. Mar ik fiel my op dizze wize ek frij. In leech bûsboekje is oan my net bestege. Ik ha hjoed wer in nije kocht foar it kommende jier, en it is moai dat ik dêr al wer hiel wat yn-skriuwe kin. Dúdlik mei wêze, dat ik it sa op dit momint goed genôch fyn. Der hoecht net mear by...

 Aeltsje de Groot