Algemeen

Column: Klompen en kowerútsjes

“Is pake op ’e fyts”? ”, sei de jongknaap tsjin my doe’t ik op in sneintemoarn by harren kaam. “Ja”, sei ik, “pake is op ’e fyts”.  “Mar pake hat de klompen oan”, sei hy mei in gesicht as hie hy my noch nea earder op klompen rinnen sjoen, wylst ik myn hiele libben al op klompen rûn ha. 

Earst gewoane houten klompen, letter oergien nei Sweedske klompen. Jo witte wol fan dy klompen dy’t wy sneins ek oan ha kinne. 

Myn earste klompen kamen noch fan klompmakker Bonne de Vries fan de Ald Dyk yn Terwispel. Letter waarden se ek wol kocht by Hindrik Meester yn Langsweagen en wer letter by Liekele de Leeuw yn Terwispel. Doe’t wy yn Stiens kamen, waard Atema myn leveransier. En wer letter, bestelde ik se op myn wurk.

Doe’t ik jong wie, rûn elkenien op klompen. Breiden knibbelhoazzen mei swarte breiden sokken der oerhinne en dan yn de klompen. De skoallen wienen der doe hielendal op ynrjochte mei klompebakken ûnder de kapstokken. As de skoalle yngienen moasten wy de klompen by de doar útdwaan en dan op sokken mei de klompen yn ’e hân nei ús kapstok rinne. Jonges rûnen allegear op klompen, mar sommige famkes hienen skuon oan. Dy hoegden se by de doar net út te dwaan sadat de gongsflier by wiet waar, wiet waard en wy somtiden mei wiete fuotten de klasse ynkamen. Doedestiids koenen húshâldings dy’t it net te rom hienen klompbonnen foar harren bern krije. As soks fan de gemeente út gie wit ik net, mar sy koenen mei sa’n bon klompen by de klompmakker helje. 

Ut dy tiid komt ek de siswize: Immen mei de klompe op ’e harses slaan. Sa’n siswize is nei ferrin fan jierren, mei útsûndering fan de Wâlden, ek weiwurden. Spitigernôch giet men tsjintwurdich mekoar mei oar ark te liif. Nee, dan leaver in klompe op ’e kop, hoewol dy ek hurd oankomme kin.

Op âlde skoalfoto’s kin men sjen dat de bern, foar sa’n foto, harren sneinse klean oan hienen. Sommigen hienen skuon oan, foaral famkes, mar fierwei de measten hienen klompen oan harren fuotten. Sels doe’t ik nei de ambachtsskoalle gie, hienen de measten út de doarpen noch klompen oan en stie ûnder de kapstok in ferheging dêr’t de klompen op stean koenen. Ek yn myn wurk hie ik klompen oan. 

Miskien hat it eartiids hjir ek wol sa west, mar doe’t ik in kear mei myn baas nei in boer yn Drinte gie, seach ik der nuver fan op dat de boer de klompen by de doar út die en oare klompen wer oanluts en dêrmei de keamer yn gie. Bûten- en binnendoar klompen. Tsjinwurdich wurde de skuon útlutsen en komme de pantoffels oan.

Wat men foaral by arbeiderswenten tsjinkaam, wie dat der in klompehok foar de efterdoar stie. Soms mei in rekje dêr’t de klompen op stienen en in kaart mei klompkrammen oan in spiker. Mar meastal stienen se dêr’t hja der útstapt wienen. Ik wit noch skoan dat ik in kear in famke thúsbrocht en wy ús tusken de klompen troch wrakselje moasten om by de efterdoar te kommen. Ja, want wês no earlik, klompen stienen altyd yn ’t paad. Doe wist ik ek fuortendaliks dat der letter , bûten de dochter, net folle te heljen wie. Us heit hat my der altyd foar warskôge: “Tink der om, hoe mear kowerútsjes yn ’e lange muorre en hoe minder klompen by de efterdoar, hoe better as it is”. Us heit sels kaam út in húshâlding fan fjirtjin en is mei in frou troud út in team fan tsien. In protte klompen en mar twa kowerútsjes yn it efterein. It klompehok sil fêst grutter west hawwe dan it bûthús. 

Iksels bin mei in frou troud dêr’t gjin kowerútsjes wienen en ek gjin klompen by de efterdoar. Hja hat har earste klompen krigen doe’t we al yn Stiens wennen. Us bern hawwe neffens my ek gjin klompen hân en ús bernsbern skrikke der al fan as ik se oan de fuotten ha. Mar ja dy wurde ek grutbrocht yn al ferhollânske plakken as Almelo en Stiens. Sokke plakken heare gjin klompen mear by. Ik bin al bliid dat de bernsbern yn Stiens noch fatsoenlik Frysk tsjin my prate. Dat fyn ik ek folle wichtiger as in pear klompen om ’e fuotten. Alhoewol it foar myn “maat” wol goed wie om ris in kear op klompen te rinnen en te fytsen.   

Iksels haw myn houten klompen alwer yn ’e karavan lein. Sneinse klompen, Scherjontsjes. Lyk as ús heit ek sneinse en deise klompen hie. As de deise klompen oanein wienen, waarden de sneinse deise en kamen der in pear nijen foar snein. De âlden koenen dan yn ’e kachel. Hat soks net mei duorsumheid út te stean?   

hfdp@kpnmail.nl