Algemeen

Op facebook kaam ik in foto tsjin fan Keatsklup de Boer mei in tal al wat âldere mannen. De linemantsjes neamden sy harren. Hendrik Bij de Leij, Paulus Bokma, Jan Fortuin, Brand de Boer, Jan Bilstra en Hylco Nieman. 

Seis man mei mear as 400 jier keatsûnderfining. De linemantsjes binne in oantal frijwilligers fan Keatsklup de Boer dy’t de keatsfjilden op woansdeitemoarn klearlizze, sadat de bern middeis fuortdaliks begjinne kinne mei de keatstrening. Dat it frijwilligers binne, lit de foto wol útwize. Want bûten de útfierder dy’t wichtich mei papieren yn ’e hân omrint, en de opperman mei in amerfol krammen, binne der noch  fjouwer man mei de hannen yn de bûse. No jout de foto, neffens my, wol wat in fertekenet byld want it komt der úteinlik op del dat de fjouwer minsken mei de hannen yn de bûse it swiere wurk fersette moatte, om’t de útfierder allinne mar fertelt wat der barre moat en de opperman de krammen oanjout. Mar om’t ik it wolris mis ha koe en om wat mear oer harren te witten te kommen, ha ik mar efkes mei de útfierder Bokma skille. Hy fertelde my fuortdaliks dat der bûten de seis man op ’e foto noch twa man binne. De iene, Karst Anema, hie doe krekt in snipperdei en de oare, Minne Gerbens, hienen se dit jier noch net sjoen om’t dy troch in blessuer oan syn gewrichten, net troch de knibbels kin. Wat de wurkferdieling oanbelange siet ik neffens him net fier mis, allinne moast ik it rekkenwurk en it sjouwen mei de amer net ûnderskatte. Meide opmerking der by, dat foar de taak fan opperman noch wolris wiksele wurdt.  Bokma fertelde my dat hy no fiif jier diel útmakke fan dizze groep frijwilligers, wêrfan de leeftiid fan de minsken sadanich is dat it foar sommigen ek de lêste foarm fan frijwilligerswurk is. De measten fan dizze linemantsjes hawwe in keatskarriêre efter de rêch, mar Bokma net. Bokma hat op syn sechstjinde in blessuer oprûn wêrtroch it keatsen doe foarby wie. Fan dy tiid ôf hat hy altyd frijwilligerswurk foar de feriening dien. De lêste jierren as ien fan de linemantsjes. Hja hawwe altyd mei sa’n acht man west. Troch ferstjerren as in oar mankemint knypt der wolris ien tuskenút, mar ek dat gat wurdt gau wer oanfolle mei farsk âldereinfolk út de feriening. Hindrik Bij de Leij is no de jongste fan’t stel mei syn santich en kin wat dat oanbelanget noch jierren mei draaie. Ik haw it net frege, mar it soe my neat ferwûnderje dat se sels in wachtlist foar linemantsjes ha, om’t it folk ek hieltyd âlder wurdt en hja sa’n bytsje op de acht man sitte wolle om’t men mekoar ek net foar de fuotten rinne moat. Oan Bokma syn wurden koe ik opmeitsje dat frijwilligers o sa wichtich binne yn in feriening. By Keatsklup de Boer draait it in hiel soad om frijwilligers. Hja binne foaral nedich by de ferskate wedstriden, wêrfan de Stienzer Keatsdagen wol it hichtepunt is. Dan wurdt alle folk bymekoar garre om it allegear slagje te litten. Dat jildt net foar de linemantsjes. Hja hawwe dan in pear dagen frij en meie as tank foar harren wurk foaroan by de wedstriden sitte. As alles wer efter de rêch is, meie sy wer op woansdeitemoarn de fjilden klearlizze foar de bern. Trettjin perken, alle wiken wer, in seizoen lang. As wurdearring wurdt harren op it ein fan it seizoen kofje mei slachrjemmegebak oanbean. Bokma woe noch wol efkes kwyt dat linemantsje Bouke Westerhuis ein foarich jier opholden is. In optelsom fan lytse kwaaltsjes en it berikken fan de linemantsjespensjoenrjochtlike leeftyd hat him dwaan besluten om net troch te gean. Uteraard mei behâld fan útkearing yn de foarm fan de kofje mei gebak. Hindrik Bij de Leij sil doe wol út de wachtlist wei nei foaren skood wêze, want dy hat syn plak ynnommen. Wienen se earder al yn “Hea” te sjen, no hawwe se de sosjaal media wer helle troch in foto op facebook. Keatsklup de Boer is wiis mei harren, en it docht ek mar wer bliken dat frijwilligerswurk net ophâld by fiifensechstich. Myn pakesizzers hawwe my ek al oan west dat pake ek wol linemantsje wurde kin. Wat leeftiid oanbelanget soe it wol kinne, mar spitigernôch haw ik gjin ferstân fan keatsen. No ja, sjouwe mei dy amerfol krammen soe noch krekt kinne. Opperman dus. 

hfdp@kpnmail.nl 

PS: De linemantsjespensjoenrjochtlike leeftyd is net yn in cao opnaam, mar wurdt troch de linemantsjes sels yn oerienstimming  fêststeld.