Algemeen

It is wer maitiid en ik wit net hoe it jo fergien is dizze winter, mar ik fûn dat de lêste winter langer like as oars. Dat wie fansels sa net, mar dat komt fêst troch de frjemde tiid wêryn we no libje en om alles wat we misse moatte yn dizze tiid. 

Oars wienen der winterdeis de tonieljûnen, konserten, de krystfieringen en dan op de earste of twadde krystdei mei de hiele famylje om 'e tafel foar it krystmiel en mei âld en nij dan stutsen we nachts it fjûrwurk ôf en it nije jier begûn meast mei feestlike nijjiersresepsjes. 

Jierren lang hienen wy yn Hijum, begjin fan it jier, in gesellige jûn yn it doarpshûs mei in gratis glêske prik foarôf en dêrnei in moaie jûn mei Rients, of Teake, Griet en Minse, of in fleurige sjonger of musykgroep. Je koenen dêr net fergees hinne, want sokke gasten moasten nochal wat ha, mar dat wie gjin beswier want de seal siet altyd grôtfol en dy jûnen koenen dan ek altyd út.  Dit moatte wy op 't heden allegearre misse en dêrom bin ik hiel bliid dat it wer maitiid is.

Want oan de fleur en kleur fan de natuer yn it foarjier is lokkich neat feroare en dat docht in minske goed. De fûgels sjonge har wer de longen út it liif en binne drok dwaande mei it sykjen fan takjes, hea, strie en restanten hûnehier of skieppewol foar in nij nêst. 

Sa bringe de sjongende fûgels, ticht by hûs, mar ek de springende lamkes en de kij, dy 't dûnsjend de greiden wer yn geane, fleur yn it libben.

En wat tinke jo fan al de beammen dy 't wer útsprúte en de knopkes dy feroarje yn prachtige blommen. Nei de earste foarjiersblomkes binne de tulpen no oan it útkommen ta en ek ús Camelia stiet wer yn bloei. Al hat dy, sa je sjen kinne, wol te lijen hân fan de nachtfroast, mar der sitte noch gâns knoppen yn en dy komme fêst noch wol út.

Sa as ik wol earder sein ha binne wy minsken dy fan musyk meitsjen en fan sjongen hâlde. Mar ik ha noch in frjemde oan-slach en dat is dat ik somtiden troch ien wurd, dat ik sjoch of hear, samar in ferske yn 'e holle krij en dat dan begjin te sjongen. It aardige is dan dat myn oare helte sa mar efter de piano sitten giet en it mei spilet of it gewoan meisjongt.

It sil jo net ferbaze dat yn dizze tiid, it liet "Maitiid" fan Tetman de Vries, ien fan dy ferskes is.

De âlderen witte fêst noch wol fan it bestean fan it revue- en kabaretselskip fan Tetman de Vries. Dy musikale famylje wie yn 1944 foar it earst te hearren mei it stik 'De tiid hâld gjin skoft' en dat ha se rûnom sa'n 1200 kear spile. Sy songen ek it liet "Maitiid" en dy wurden gienen sa:

As de fûgels strieke sjouwe nei it dak of holle beam.

As de fjilden har ûntjouwe en de blomkes iepen gean.

Refrein:Dan komt de maitiid, maitiid wer yn 't lân.

Dan laket alles, alles jin sa oan.

De moaie maitiid mei syn blauwe loft,

is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft.

is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft.

Wylst ik mei dizze kolumn dwaande wie ha ik it opsocht op internet en by it harkjen en sjen fan in lettere útfiering hie ik bytiden it einepikefel op 'e earms. Sa moai! Soks moat nea fergetten wurde, tocht ik yniens. Dêrom is it miskien goed dat we dizze, mar ek oare Fryske ferskes sa no en dan gewoan ris sjonge om it sa troch te jaan oan de jongerein.  Stel, tocht ik, stel dat de pake- en beppesizzers letter sizze: 'Hoe wie dat ferske oer de maitiid ek al wer, dat pake en beppe dan altyd songen.'  Se sille it dan fêst opsykje op internet, wêr echt alles te finen is, en it miskien meisjonge en it sa wer trochjaan en dat soe geweldich wêze Of net? It is in fleurich ferske, it hat in moai wyske en it sjongt maklik mei. Mar wat wichtiger is, sjongen bringt fleur en bliidens yn it libben en in bytsje fleur en bliidens kinne we yn dizze tiid wol brûke! No is it, as dizze Stienser útkomt, de stille wike en dat noeget net echt út ta it sjongen fan fleurige ferskes. Earder tink ik dat der in soad minsken, krekt as wy, harkje en/of sjen sille nei de Matteüs Passion fan Bach, op radio of tillevyzje. Mar, nei wite tongersdei, goed freed en stille sneon komme der twa peaskedagen wêryn we, hoopje ik, in pear moaie maitiidsdagen krije en we de bliide lieten wer fol op sjonge kinne. No wit ik wol dat we op in soad plakken net sjonge meie, mar thús kin net ien je dat ferbiede. Dêrom winskje ik jo no alfêst hiele moaie, waarme, fleurige en sjongsume peaskedagen ta λ Etie Pasma, Hijum 2021