Algemeen

Column: Nijsgjirrige Haaye

Haaye wennet mei syn heit, mem en suske Grytsje yn in doarp yn Fryslân. Op 28 novimber is hy jierdei en dat is mar ien wike foar de pakjesjûn fan Sinterklaas. Hy krijt dus in hiel jier niks en dan yn goed ien wike in hiele soad pakjes, earst foar syn jierdei en dan noch fan Sinterklaas. 

No is it altyd in ferrassing wat je op ‘e jierdei en fan Sinteklaas krije en miskien binne jim ek wol, krekt as Haaye, hiel benijd nei wat jim krije sille en kinne jim ek hast sa lang net wachtsje. 

Mar Haaye is net allinnich benijd, hy is ek hiel nijsgjirrich en hy siket altyd om syn pakjes. 

Yn ‘e kasten, ûnder de bêden, op de souder, yn it hok, achter de gerdinen, ja oeral sjocht er en meastal fynt er de pakjes. Syn heit en mem fine dat net sa moai, want dan is it ommers gjin ferrassing mear. Dêrom brochten se syn jierdeikadootsjes mar nei de pake en beppe, dy yn it selde doarp wenje en de jûns foar syn jierdei, as Haaye al lang op bêd leit, dan hellet heit dy op. 

Haaye wie altyd hiel bliid mei syn kadootsjes, mar woe de oare moarns wol witte wêr se dy no  ferstoppe hienen. Se vertelden gewoan dat se dy by pake en beppe brocht hienen. 

Dat wie Haaye net fergetten en it jier dêrop gie er nei pake en beppe. Mar beppe wist wat Haaye fan plan wie. Sy hie de kastdoar goed op slot dien en de kaai yn ‘e bûse, dus dat joech him neat.  Dat spiet him al, mar hoe nijsgjirrich hy ek wie, hy kaam net te witten wat er krije soe.

Omdat it mei syn jierdei mislearre wie woe er in jier letter mar besykje om Sint en Pyt yn ‘e gaten te hâlden, as dy lâns kamen om wat yn ‘e skoech te dwaan of op pakjesjûn, want hy woe beslist witte wat er krije soe. 

Mar dat wie net sa maklik, want jûns wie it tsjuster en dêrom woe er mar trije bûslampen foar syn jierdei freegje. Ien foar de keamer en ien foar syn sliepkeamer en ien foar de keuken, want dan koe er skine nei de foardoar, de achterdoar of de hoksdoar en dy sa goed yn ‘e gaten hâlde. 

Hy woe net dat heit en mem it wisten, want dy soenen it fêst net goed fine en dêrom frege er net allinnich fan heit en mem, mar ek fan de beide pake’s en beppe’s in bûslampe op ‘e jierdei.  Se wisten dat net fan mekoar en sa krige hy fan alle trije in bûslampe. Alle jûnen lei er de lampen klear, yn de finsterbanken en moarns pakte hy se der gau wer wei.

Hy besocht om jûns lang wekker te bliuwen, wachte op Sint en Pyt en harke goed. Mar omdat sy midden yn ‘e nacht kamen, sliepte Haaye dan al. Moarns tocht er dat se net west hienen, want hy hie neat vernommen mar se hienen wol west, want hy hie wol wat yn ‘e skoech krigen.

Mar op 5 desimber, pakjesjûn, soe it him net ûntkomme, want dan lei er noch net op bêd. Hy fûn it dy jûn wol hiel spannend en ûnder iten koe er net iens rêstich op syn stoel sitten bliuwe. 

Om acht oere hearde hy ynienen wat by de hoksdoar. Hy draafde nei it keukensrút, skynde nei de hoksdoar en gilde: ‘Dêr binne se, mei in sek fol pakjes!’ Syn Suske Grytsje kaam derby en sei: ‘Kom op, dan helje wy gau de pakjes op. Toe je, kom mei.’ Mar Haaye sei: ‘Gean do earst mar nei it hok, ik kom wol as se wer fuort binne.’ ‘Bangeskitter!’ rôp Grytsje en draafde nei it hok. Se hie gelyk, Haaye wie bang, want doe Sint en Pyt wer fuort gienen en tichter by it keukenrút kamen en nei him swaaiden dûkte hy gau ûnder it rút. Mar Grytsje wie net bang en sy kaam efkes letter yn ‘e hûs mei in sek fol pakjes en it waard in prachtige pakjesjûn. Mar o wee, doe de sek hast leech wie krige Haaye yniens in pakje mei in brief der op. Hy hie dat ek wol witte kinnen, want Sinteklaas wit en sjocht ommers alles en de Piten hienen de bûslampen wol yn de finsterbanken lizzen sjoen, as se wat yn ‘e skoech brochten. En dat hienen se fansels yn it grutte tsjûke boek set en Sinteklaas hie it lêzen.  Haaye woe de brief mar gau fuortmoffelje, mar heit sei: ‘Niks dêrfan, iepen meitsje en foarlêze! 

Doe moast er it wol dwaan en mei triljende stim lies er:

Bêste Haaye,

Wat lies ik yn myn boek, sikest sto yn eltse hoek?

Wolsto altyd alles witte en kinst it sykjen mar net litte?

Net mear dwaan hear jonge, kinst better mar in ferske sjonge! En lis de lampen net foar ‘t rút, mar diel se oan oaren út

Dat is de goede rie fan Sinterklaas, 

mei groetnis, ek fan Piterbaas.

No ha ik heard dat Haaye letter ien fan

 syn bûslampen oan Grytsje jûn hat en in 

freon fan him hat ek ien krigen doe dy 

jierdei wie. Hy hie dus wol nei de Sint 

harke! Mar soe hy no foartoan ek 

minder nijsgjirrich wêze? Ik wit it 

net! Wat tinke jim?

 

Etie Pasma, Hijum 2021