Algemeen

It is alwer in skoft ferlyn dat ik in lyts ûndúdlik fotootsje út 1941 ûnder eagen krige. It is in skoalfoto mei bern fan de legere skoalle út Lippenhuzen. In foto dêr’t foar ús mar ien bekende namme op sit. Dy iene is Geartsje har omke Jan, dy’t foaroan as twadde fan rjochts op dizze foto sit. Efteroan stiet as fjirde fan rjochts syn freon Gerrit de Wagt.

Omke Jan wie de jongste broer fan Geartsje har mem. Hja kamen út in húshâlding fan acht bern, fjouwer jonges en fjouwer famkes en sy wennen yn Bakkefean. Doe’t Jan syn mem yn 1938 stoar wie Jan sân jier. En om’t harren heit net foar de bern soargje koe, binne de jongste bern by pleechgesinnen ûnderbrocht. 

Jan kaam mei Geartsje har mem, dy’t in pear jier âlder wie, by de slûswachter yn Lippenhuzen telâne en gie dêrtroch ek yn Lippenhuzen nei skoalle. Doe’t hy  fjirtjin waard gie hy oan it wurk. Hy kaam doe, ûnder tafersjoch fan de bernebeskerming, op in skûtsje fan de neef fan de slûswachter. Terpmodder ferfiere fan de klaai nei de earme grûn yn’e wâlden. Sels hat hy meiwurke om de Swynserterp yn Britsum in kopke lytser te meitsjen. Swier wurk en dat allinne foar kost en ynwenning. Doe’t Jan achttjin waard is hy oan’e wâl gien en kaam by syn âldste broer yn Marsum yn’e kost, dy’t ûndertusken  troud wie. Hy gie oan it wurk by in moalhannel op ’e klaai en oant trijenfyftich ta is hy der ek bleaun. Dêr koe hy begjinne om wat yn syn libben op te bouwen, mar foaral ek genietsje fan de frijheit dy’t hy krige.

 

Yn it begjin fan de fyftiger jierren kaam hy yn’e kunde mei in jong frommeske wêrfan de âlden nei Nij Seelân emigrearre soenen. It rekke goed oan en hja hawwe harren al rillegau oan mekoar fersein. Omke Jan seach Nij Seelân ek wol sitten, en der waard ôfpraat dat hy earst gean soe en sy soe him mei har famylje neikomme. Geartsje har omke Jan wie trijentweintich jier doe’t hy  Fryslân ferliet foar in libben oan de oare kant fan de wrâld. 

 

It wie yn’e simmer fan trijenfyftich doe’t omke Jan mei de boat fan út Rotterdam nei Nij Seelân fear. Yn augustus sette hy foar it earst in foet op it nije lân. Dêr wie syn takomst en soe hy in nij libben opbouwe mei syn jonge ferloofde. Yn de omkriten fan Christchurch krige hy al rillegau plak by in boer. Dochs is it oars gien dan wat sy der foar de tiid fan ferwachte hienen. 

 

It Fryske famke is him mei har âlders neikommen, mar om ien of oare reden is de ferloving ferbrutsen en binne hja elk harren eigen wei gong. Hy krige al rillegau kunde oan in oar famke, en sa koe it barre dat yn augustus fan fiifenfyftich hy yn Christchurch troude mei muoike Joyce. Yn dat jier binne hja ek ferhuze nei in boer yn de omkriten fan Ashburton. 

Yn febrewaris sânenfyftich hat omke Jan in slim ûngemak hân mei in terskmasine. Hy hie syn heup op trije plakken stikken. Al my al hat hy tolve wiken yn it sikehûs lein wêrfan sân wiken yn in traksje. Wylst hy yn it sikehûs lei, wie der in oare pasjint dy’t him fertelde dat der noch in Dutchman yn de omkriten by in boer wenne, sa’n tritich miles fierderop. 

Op it ein fan it jier, dêr heech simmer, wienen hja drok dwaande yn de ûngetiid. Omke Jan wie wer wat opknapt en koe wol op’e frachtwein ride om it hea nei in boer fierderop te bringen. Doe’t hja dêr de jûns klear mei wienen waard ôfpraat om efkes yn in kafee oan te stekken. Doe’t sy yn‘e skimer in skoftsje gesellich sitten hienen, wie der immen dy’t omke Jan op it skouder tikke. “As ik de stim goed herken dan moatte jo Jan Wiering wêze” sei de man. “Ja dat bin ik” andere omke Jan en seach de man ris op en del oan. Doe ynienen, “bisto dat Gerrit”. Gerrit de Wagt, mei wa’t hy foarhinne op de legere skoalle freon wie, hie hy nea wer sjoen nei dat hy as fjirtjin jierrige jonge op it skûtsje farren gie. Gerrit wie foar syn nûmer nei Indië stjoerd, en doe dat foarby wie is hy net wer nei Fryslân kaam mar nei Nij Seelân fearn, dêr’t hy boere-arbeider waard. Krapoan fjirtjin jier letter, ein sânenfyftich, kamen de beide freonen mekoar foar it earst wer tsjin. Net yn Lippenhuzen, mar yn in kroech yn Nij Seelân λ  

 

hfdp@kpnmail.nl 

 

(Omke Jan en Gerrit hawwe mekoar net wer út it each ferlern. Gerrit wie 91 jier doe’t hy yn desimber 2021 ferstoar. Geartsje har omke Jan is 92 en wennet yn in âldereinhûs yn Christchurch.)