Algemeen

foar wat spul dat by ús heit en mem weikomt. Net folle, mar genôch om myn tinzen werom te bringen nei myn jonge jierren. De skeardoaze fan ús heit.

De skeardoaze komt noch út de fyftiger jierren en ik wit wol dat hy him alle dagen brûkte. Doe’t ús heit yn 1989 stoarn is hawwe wy de skeardoaze krigen.

De attributen dy’t no yn de skeardoaze sitte, hawwe der foarhinne net yn sitten. Foar de foto haw ik se der efkes út helle. It kopke en de skearkwast hat ús heit oan it ein ta brûkt om’t it elektryske skearapparaat it yn syn eagen net glêd genôch meitsje koe.

 

Op de skeardoaze leit in tondeuze dêr’t ús heit eartiids alle fjouwer bern yn harren beukerjierren it hier mei knipte. Dat gie oant sy nei de legere skoalle gienen en der wat kreazer útsjen moasten. Iksels kin it my net heuge. Mar ik kom der ek nochal wat jierren efteroan en wit allinne noch dat hy yn de lêste jierren dat wy op de Damslûs wennen de jaren fan de kij der mei behimmele.

 

It grutte âlde skearmes hat ús heit foar safier as ik wit nea sels brûkt as skearmes. It soe samar kinne dat it noch fan syn heit west is. Ik wit net better dan dat hy it allinne brûkte om by de jonge biggen de bearen fan harren geslachtsdielen ôf te helpen. Hy helle de kloaten der út en de hûn friet se op. It docht wreed oan, mar hy hat der wol slach fan hân, want by de measte boeren út de omjouwing koe Jogchum de biggen wol efkes snije. Sa wie hy ek goed yn it bargeringjen en om by in bolle in ring yn de noas te dwaan. De wetstien dy’t by it skearmes heart, leit by ús yn it keukenlaad en brûke wy om Geartsje har skjirren skerp te meitsjen.

Ek sit ús heit syn lêste bûsmes yn de skeardoaze. Uteraard is it in “Herder”, want foar him bestienen der gjin bettere bûsmessen dan de “Herder” út Solingen. Bûten wat tafallichheden hie hy altyd twa dingen yn syn bûse, in reade bûsdoek en in bûsmes. De reade bûsdoek waard sa no en dan brûkt om in noasdrip fuort te heljen. It knyft kaam faker as ien kear út’e bûse, om’t men op in pleats noch wol gauris in toutsje trochsnije moat. Mar net allinne foar toutsjes waard it mes brûkt, mar it waard ek noch brûkt foar hiele oare dingen. Want as de hinnen de lêch út hienen, as dat der in oerskot oan jerken wie, waard de Herder brûkt om se klear te meitsjen foar op it petroaljestel. Sa gie dat ek mei de fisk dy’t wy út ’e feart hellen en oan de maat wie. En ik wit ek noch wol dat de mûdhûn en de snoekbears by ús gau oan de maat wienen.

En as it mes stomp wie waard it by de efterdoar oer de hoeke fan de muorre helle. De groeden yn de muorre wienen gelyk oan de foarm fan ús heit syn bûsmes. En no net tinke dat hy in “wreedaard” wie. Nee, de man wie sa goed as bôle, mar soarge der wol foar dat der alle kearen iten op tafel kaam. Dat gie der doedestiids by ús wolris oars oan ta as no. Iksels bin sa net. Dat ha ik net fan him meikrigen, want ik haw al muoite om in mich dea te slaan.

 

As lêste sit in skearspegeltsje yn de skeardoaze om’t it orizjinele, dat yn it deksel ferwurke siet, miskien wolris yn de striid sneuvele is. Us heit sil him by it skearen wol in jaap yn it kin jûn ha en doe hat de skearspegel it ûntjilde moatten. Want dat koe ús heit wol. Dy koe omraak opsternaat wurde. Spitigernôch haw ik fan dat lêste wol in bytsje fan him meikrigen

 hfdp@kpnmail.nl