Algemeen

Column: Sulver poetse

It binne fan dy klusjes, dy’t der meast by bliuwe. Koper- en sulverpoetse. Lêst soe it dan dochs mar wêze. De sulveren berteleppels, dy’t by my yn de keamer hingje, wiene sawat swart…

It sulverpoetsguod opsocht, soks stiet dan fansels ergens hielendal boppe op in planke yn de bykeuken...It earste buske iepen, totaal ferdroege. It twadde buske idem dito.

Op ynternet sjoen nei alternativen. Wat mei aluminiumfoolje yn in bakje mei wetter, en dan it sulverguod der boppe op. Of soksewat. It hat in bytsje holpen. Mar binnen de koartste kearen wie alles wer swart, dus ik ha ferline wike dochs mar sulverpoetsguod oanskaft.

Sa siet ik dus fan ‘e wike mei de krante op de tafel, in pear poetsdoeken, en mar poetse…

Behalve de berteleppels slingert hjir noch wol mear sulver om wat noadich ris ûnderhannen nommen wurde moast. Hast allegearre erfstikken, ek wol wer ris aardich om it troch de hannen te krijen. Want fansels geane de gedachten dan wer nei earder tiden. Doe’t dat sulver noch by ús mem of by myn skoanmem yn de kast lei. Ik tink oan al dy oerkes, dat wy thús sieten te koperpoetsen. Wy hiene thús nochal wat koper. En fansels moast dat blinke. No hie ús mem neffens my net safolle nocht oan koperpoetsen. Dus mochten wy dat op in frije sneon-te-moarn dwaan, ik en myn jongere broer. Foar in dûbeltsje yn it oere! Us mem fertelde dan altyd fan it gesin dêr’t se staazje rûn hie, doe’t se de foarmingsklasse die. Dat wie in gesin mei in “mefrou”, dus út de hegere klasse. En dêr moast elke wike al it sulver en koper poetst wurde. Al it bestek wie uteraard ek fan sulver. Dus ek dat hearde der by. Dat putsje wie dan foar ús mem, sadwaande siet dy elke wike in hiele middei te poetsen. Soe it dêrfan kommen wêze, dat se der letter sa’n hekel oan hie?

Hoe as it mei it sulver wie, wit ik eins net. It kin my net heuge, dat wy dat poetse moasten (of mochten?).

Mar der wie genôch koper. De krante op tafel en alles gong troch ús hannen. Koperen blompotten. De âlde tsjettels, de koperen doofpot, it feger en blikje, de gewichten en ornaminten fan de klok...Ik sjoch no, no’t ik dit sa opskriuw, dat it measte noch altyd by my yn de keamer stiet. Behalve de blompotten. En eins moat dit koper ek wol wer ris in beurt hawwe. Allinne bin ik bang dat ek dizze buskes bedroege binne.

Mar werom nei it sulver. Dat blinkt en glimt my no wer temjitte. En eins soe ik dat no fansels wat by hâlde moatte, want wat hat men der in wurk fan as dat ienkear (hast) swart is! Sa is it fansels mei in hiele protte saken. Alles hat syn ûnderhâld noa-dich. En as dat net regelmjittich dien wurdt, dan fersloert de boel. It jildt foar hûs en hiem, it jildt foar relaasjes, foar auto’s, fytsen en neam mar op. De “apk” fan de auto wurdt net foar neat brûkt, as men it oer oare saken hat, sa as relaasjes.

Earder wie it hiel gewoan dat men de dingen goed ûnderhâlde. Want der wie net safolle spul. Teminste, by de “gewoane” man. Klean waarden droegen oant se echt fersliten wiene. En dêrfoar waard alles der oan dien om dat fersliten sa lang mooglik út te stellen. Sels ik ha noch leard hoe as ik stikjes ynsette moast. Of hoe as yn breiden guod gatten opnij ynmaasd moasten. Sokken stopje, ek soksewat. Der wie net folle te ûnderhâlden, mar wat men hie waard sa mei omgongen, dat it lang mei koe.

Yn dizze tiid sjogge wy, dat dat hielendal net sa’n ferkearde gedachte is. Nei de jierren fan sunich oan, kamen de fette jierren fan alles kin. Neat gjin ûnderhâld, stikjes ynsette, stikje ynmaze, of sokken stopje. Alles is te keap, en dat is goedkeaper as ferstelle. Ik ha it wol faker skreaun, alles giet mei hichten en delten. Alles komt ek altyd wer werom. Sa stadichoan beseffe wy, dat ús keapgedrach, ús wize fan libjen, der foar soarget dat de ierde stadichoan útrûpele wurdt. Dêrneist binne der ek yn dizze tiid wer hieltyd mear minsken, foar wa’t sunich wêze bittere needsaak is. En sa is dy wize fan libjen, dy’t ea gewoan wie ek no wer aktueel.

Al besef ik wol, dat sulverpoetse earder net foar elkenien weilein wie, gewoan omt men it net hie. Net elk wie “mefrou”...  

Aeltsje de Groot