Algemeen

Doe’t wy op seis novimber 1970 om goed fjouwer oere op ’e Sweach as troud stel út it gemeentehûs stapten, wienen wy allinnich dwaande mei hoe’t  wy de feestdei en foaral de feestnacht belibje soenen. Fierder waard noch nearne oan tocht. Ek net dat wy wolris fyftich jier troud wêze koenen. Wy hienen dat gelok, dat wy dat foarich jier belibje mochten. It soe gjin grut feest wurde, mar in wykein mei bern en bernsbern nei in grut hûs op in fakânsjepark. In hûs mei fan alles der op en der oan, lyk as sauna, ferwaarme tobbe en sinnebank. Om’t it rom op tiid fêstlein wie, hienen wy ek rom de tiid krigen om mar oan dit nijmoadrige soart fan fakânsjes te wennen. 

De sauna like ús net goed ta. Dan moasten wy alle klean út ha en koe elkenien genietsje fan ús bulten en tearen. Want nei fyftich jier is de strakkens der aardich ôf. De bernsbern hienen it mar wakker oer om mei pake en beppe yn de ferwaarme tobbe te stappen. Foar ús wie dat nij. Op internet hawwe wy ús doe mar foarljochtsje litten oer it wol en wee fan in ferwaarme tobbe. Sadwaande wienen wy der hielendal ree foar, oant de corona der foar soarge dat wy net yn de ferwaarme tobbe hoegden. 

Alles kaam op slot en op seis novimber 2020 mochten ús bern mar kwealik by ús oer de flier komme. It oan hûs brochte miel waarmiten, foar ús tegearre, wie de útsmiter fan it feest.

De bern hienen it doe regele dat wy yn april 2021 dan mar in wykein fuort moasten. It wie wol wat in organisaasje, want no moasten wy mear rekken hâlde mei skoalle en sport. Mar it gie oan. Wol in oar hûs en ek op in oar park. It ienichste ferskil wie dat der gjin sinnebank en sauna yn siet, wat foar ús alhiel gjin beswier wie.

Mar doe’t it safier wie waard de boel wer op slot setten en ek dizze kear hoegden wy net yn de ferwaarme tobbe. En dan. Moatte jo it dan ôfblaze? Jild werom wie der net by. Dan mar yn novimber op ’e nij wer fêstlizze. No wer op in oar plak, Vlagtwedde. Ek dit kear wer in rom hûs mei acht sliepkeamers, mar no net mei in ferwaarme tobbe.  Net dat wy der sa mei sieten, mar foaral de bernsbern hienen der o sa’n nocht oan hân.

Mar no kaam der wer wat oars, dêr’t pake mei yn de problemen kaam. Pake hie noch gjin prikje hân. Net dat pake tsjin de prikjes wie, mar pake hie in hekel oan prikjes. It regear joech pake ek hast gjin kar. It wie, of pake krige syn spuiten, of pake moast thúsbliuwe. Pake is oerstaach gien en is twa kear mei beppe oan de hân nei it FEC gien en hat syn twa spuiten ophelle. Efternei foel it allegear wol ta en pake is ek net fan syn prikje gien. 

No koenen we allegear mei in tekening op ’e tillefoan it foarige wykein mei bern en bernsbern nei Vlagtwedde om ús fyftichste en tagelyk ek ienenfyftichste troudei te fieren. In moai, mar drok wykein. We hawwe fan alles by it ein hân. Wy hawwe wakker oan it kegeljen west, mei dêr tuskentroch in protte lekker iten en drinken hân. Snein hawwe wy noch tusken de buien troch nei Bourtange west, in festingstedsje dat hielendal wer yn de âlde stiel fan 1742 opboud is. 

Sneintejûn wie de útsetter mei in grou miel iten yn in gesellich restaurant. It wie de útsmiter fan in moai gesellich wykein mei bern en bernsbern.

 

Moandeitemoarn moasten wy betiid fan’t nêst, om’t wy om tsien ûre de doar wer efter ús tichtlûke moasten. De doar fan in moaie romme fakânsjewenning, mei moaie waskromten, wêr’t in brûs yn hong dêr’t Geartsje en ik tegearre rom ûnder stean koenen. Dêr koe neffens my gjin ferwaarme tobbe tsjin op

hfdp@kpnmail.nl