Algemeen

De Sneinsjongers nimme jim mei op reis, projekt Underweis

Efkes de Sneinsjongers foarstelle. De Sneinsjongers binne in stel froulju en manlju dy’t mei in protte nocht 4-stemmich sjonge. Dat dogge wy al sa’n 20 jier. Meardere útfierings hat dizze groep yn de rin fan de jierren útfierd. 

Nei 20 jier bringe de Sneinsjongers wat bysûnders. It projekt “Underweis”. Underweis is in reis, op ‘e fyts, troch de prachtige doarpen Jelsum en Koarnjum. It is in bysûndere kombinaasje fan bylden, ferhalen, sang, myzyk en téater dêr’t alle emoasjes fan it libben nei foarren komme. Humor, ûnnoazelheden, fertriet, wille en leafde komme foarby. Foar elts werkenning op har of syn wize. Underweis hat foar elkenien wer in oare betsjutting. Dat is krekt de djippere lading fan it wurd “Underweis”. Nei ôfrin kinst noch gesellich neisitte yn doarpshûs De Bining.   

 

Bist nijsgjirrich wurden en wolst it meimeitsje dan graach opjaan.

Reservearje kin mei e-mail of tillefoan. Graach mei e-mail opjaan:   - namme,  adres en tillefoannûmer,  - hokker dei en hoefolle kaarten.  Emailadres: geertbeeksma@planet.nl Tillefoannûmers: 058-2572025 of 058-2574668.  

 

Oare data en Tiiden

Troch de coronamaatregels wurde de data en de tiid fan de foarstellings oanpast nei sneontemiddei 11 desimber en sneintemiddei 12 desimber. Beide dagen begjinne de foarstellings om 15.00 oere. Hiest al reservearre en bist noch net belle of maild foar it omsetten fan dyn reservearring, dan graach kontakt mei ús opnimme