Algemeen

Dúdlikheid oer it organisearjen fan eveneminten by kwetsbere natuer

Nij belied oangeande it organisearjen fan eveneminten yn of by kwetsbere natuer moat organisatoaren mear dúdlikheid jaan. Benammen oer wêr't in evenemint oan foldwaan moat, wat nedich is foar in fergunning of ûntheffing yn it ramt fan de Wet Natuurbescherming en watfoar terminen dêrby jilde. Op dy wize wol de provinsje derfoar soargje dat kwetsbere natuer goed beskerme wurdt, mar ek dat prosedueres soepeler ferrinne en inisjatyfnimmers op tiid witte oft it evenemint plakfine kin.

Eveneminten lykas festivals leverje in positive bydrage oan it kulturele en sosjaal-maatskiplike libben. De lêste jierren wurde der yn Nederlân hieltyd mear eveneminten organisearre, somtiden ek yn of by natuergebieten fan ynternasjonaal belang. Dit kin yn guon gefallen soargje foar negative effekten op de natuer. De provinsje Fryslân is ferantwurdlik foar it beskermjen fan kwetsbere natuer en beskerme soarten. Bygelyks yn Natura 2000-gebieten. Op basis fan de Wet Natuurbescherming kin de provinsje, ûnder bepaalde betingsten, wol ûntheffingen ferliene foar eveneminten yn of by dizze natuergebieten of dêr 't beskerme soarten libje. Ek is faak in evenemintefergunning of melding nedich. Dy kin in gemeente ôfjaan.

 

Deputearre Douwe Hoogland: “Los fan de koroanaperioade is it tal eveneminten de lêste jierren tanaam. Fan lytse braderyen oant grutte festivals. Dat jout fansels in geweldige ympuls oan de kultuer yn ús provinsje. Mar ek yn of by natuergebieten nimt it tal eveneminten ta. Dat kin soms foar negative effekten of fersteuring fan natuer en beskerme soarten soargjen dat is krekt net de bedoeling. Dizze beliedsregels moatte inisjatyfnimmers dúdlikens jaan oer wat wol en net kin as in evenemint mooglik effekt hat op kwetsbere natuer, en hokker stappen naam wurde moatte om dat soarchfâldich te ûndersykjen.”

 

In heldere proseduere

Yn it nije belied is in ûnderskied tusken eveneminten yn of binnen 150 meter fan in Natura 2000 - gebiet en eveneminten bûten Natura 2000-gebieten. Beide ûnderdielen mei-inoar moatte dúdlik meitsje wannear 't it nedich is om kontakt mei de provinsje op te nimmen yn ferbân mei de Wet Natuurbescherming en hokker stappen nedich binne foar it krijen fan in ûntheffing of fergunning. Der stiet bygelyks yn of, en sa ja, watfoar ekologysk ûndersyk der nedich is. Mar ek binnen hokker termyn in folsleine oanfraach mei ûndersiken binnen wêze moat. Yn de measte gefallen sil dat goed seis moannen foar it evenemint wêze. “Dizze perioade fan in heal jier liket lang, mar is wol wichtich. It is baseare op de fêste beslisterminen en moat tsjingean dat troch eventuele beswier- en beropsprosedueres tiidneed ûntstiet. Dat eveneminten net op 'e tiid in ûntheffing krije en dus net witte oft it evenemint wol trochgean kin. Dat soe fansels sonde wêze", leit Douwe Hoogland út. De beliedsregels sille fan 1 jannewaris 2022 ôf jilde.