Algemeen

Echte Bakker Nico en Aeltsje wurdt Echte Bakker Niels en Annefrouke van der Wal

Sneon 11 febrewaris is der in feestlike iepen dei fan 10.00 oant 15.00 oere by Echte Bakker Niels en Annefrouke van der Wal oan it Achterbosk 5 yn Stiens. 

Op 2 april 2022 ha Niels en Annefrouke de bakkerij oernaam fan Nico en Aeltsje oan it Achterbosk. Yn septimber 2022 kamen der twa nije ovens sadat de bakkerij wer folop bakke kin de kommende jierren. Nei 10 moannen sil no de namme fan de bakkerij ek feroarje. Sneon 11 febrewaris is der dêrom in feestlike iepen dei by Echt Bakker Niels en Annefrouke van der Wal. Der binne dizze dei ferskillende demo’s, de bern kin in donut fersiere en der is in springkessen. De kofje en thee mei wat lekkers stiet klear. Eltsenien is fan herte wolkom.

Der bin dizze dei ek leuke aksjes yn de winkel. Ek stiet der in krûden kraam by de bakkerij, om’t de bakkerij hjir in afhaalpunt fan is. Oant sjen op 11 febrewaris oan it Achterbosk 5 yn Stiens