Algemeen

Ein ynsprekmarathon wurdt fierd mei livestream.

Op woansdei 22 febrewaris wurdt yn it provinsjehûs yn Ljouwert de ein fan de ynsprekmaraton Fryslân fierd. Dit inisjatyf, dat ferline jier úteinset is, hie as doel om safolle mooglik Fryske stimmen op te nimmen en sa by te dragen oan de ûntwikkeling fan Fryske spraakstjoerde software. It projekt is oansletten by it Common Voice-projekt fan Mozilla en hat as doel om in database op te bouwen fan Fryske stimmen.

Mei mear as 200 oeren oan opnommen materiaal en it stribjen om úteinlik 300 oeren te heljen, ha wy it einddoel yn sicht. En do kinst ek helpe! Elkenien kin no al ynsprekke fia ynsprekmaraton.frl. Wat mear (ferskaat oan) Fryske stimmen, wat better de kwaliteit fan de database en dêrmei de ûntwikkeling fan spraakstjoerde software.

Op 22 febrewaris is der in livestream, wêrby't de Fryske Vlogger en Sietske Poepjes om 12 oere it startsein jouwe en ferskate Fryske gasten oanwêzich binne, ûnder wa Emiel fan de Hûnekop, Sjoerd fan Sjoerd en sa en rapper Sample Text. De livestream markearrett de ein fan de ynsprekmaraton en is in feestlik momint om stil te stean by it belang fan Fryske stimmen yn de technologyske ûntwikkelingen fan de takomst.

Wurd ek ûnderdiel fan dit bysûndere momint en leverje no al dyn bydrage oan de ynsprekmaraton troch yn te sprekken fia ynsprekmaraton.frl.