Algemeen

Feilich swimme yn bûtenwetter, wêr kin dat fan ’t jier?

Alle jierren wiist de provinsje Fryslân swimwetterlokaasjes foar iepen wetter oan. Op dy swimwetterlokaasjes wurdt it wetter op hygiëne en feiligens hifke. Dêrneist wurdt besletten oft der swimwetterlokaasjes ferdwine of dat der krekt nije by komme.

Fan ’t jier binne der yn Fryslân 53 swimwetterlokaasjes. Ferlike mei ferline jier is der ien swimlokaasje by kommen. Skûlenboarch by Droegeham is de 53ste en dêrmei nije lokaasje dêr’t de funksje swimwetter oan takend is.

Foar de swimwetterlokaasjes Swimplak Eastermar en Terherne jildt fan ’t jier in negatyf swimadvys. Foar Swimplak Eastermar is dat advys is basearre op de kwaliteit fan it swimwetter oer de lêste jierren. Foar swimlokaasje Terherne is de kombinaasje fan tanimmende drokte fan beropsfeart en de lizzing, ticht oan it PM-kanaal, de reden dat de feiligens fan swimmers net langer garandearre wurde kin. In negatyf swimadvys betsjut net dat in swimwetterlokaasje ek feitliken ferdwynt. It betsjut wol dat der maatregels nommen wurde moatte om foar in bettere wetterkwaliteit en feiligens te soargjen.

Mei it each op de takomst en de klimaatferoaring, hat provinsje Fryslân útsprutsen dat se ynsette wolle op mear én bettere swimwetterlokaasjes. In goede wetterkwaliteit is dêr in basisbetingst foar. Neffens dy takomstfisy sille Wetterskip en FUMO, yn ‘e mande mei de provinsje en gemeente, ûndersykje oft der (ekstra) maatregels nedich binne om derfoar te soargjen dat der ek yn Eastermar en Terherne wer feilich bûten swommen wurde kin.

De provinsjale kaart, dêr’t de 53 swimwetterlokaasjes op steane, sit as taheakke by dit berjocht en kin online rieplachte wurde fia de webside en app fan zwemwater.nl.