Algemeen

Fryslân koerst op mear laadpunten elektryske auto’s

Ofrûne wike tekene deputearre Avine Fokkens-Kelder út namme fan provinsje Fryslân de gearwurkingsoerienkomst mei Fryske gemeenten foar útwreiding fan it elektrysk laadnetwurk foar persoane-auto’s yn de iepenbiere romte. It is in wichtige stap nei in folslein dekkend laadnetwurk foar de provinsje Fryslân dat de kommende jierren fierder útwreide wurdt.

 

 

It doel is om foar ein 2023 700 publike laadpeallen ta te foegjen oan it besteande laadnetwurk yn de provinsje Fryslân. Gewoanlik hat sa’n laadpeal twa laadpunten. In folslein netwurk fan iepenbiere laadpunten soarget derfoar dat elektrysk riden foar elk mooglik wurdt. Fierwei de measte laadpeallen yn Fryslân binne privee eigendom.

 

Fryske gemeenten machtigje de provinsje om de oanbesteging te organisearjen, troch de gearwurkingsoerienkomst te ûndertekenjen. De oanbestegingsproseduere rint en ferwachte wurdt dat begjin novimber bekend is hokker bedriuw de laadpeallen leveret en pleatst.

 

“Er moet en zal de komende jaren veel gebeuren. Daarmee dragen we stevig bij aan de verdere verduurzaming van het verkeer in Fryslân”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder.

 

Nationale Agenda Laadinfrastructuur 

De gearwurkingsoerienkomst is ûnderdiel fan de Nationale Agenda Laadinfrastructuur (NAL). De NAL is ûnderdiel fan it Klimaatakkoart. Dêr stiet yn dat yn 2030 alle nije auto’s emisjeleas wêze moatte. Dat betsjut dat der 1,9 miljoen elektryske persoane-auto’s op ‘e dyk komme. Om dy lade te kinnen, binne der likernôch 1,7 miljoen laadpunten nedich. Yn Fryslân binne der tsjin dy tiid nei ferwachting sa’n 70.00 laadpunten, dêrfan is it grutste part privee eigendom. De ôfspraken dy’t yn de NAL fêstlein binne moatte yn it laadferlet fan al dy ferfiermiddels foarsjen.