Algemeen

Jongerein fan Vriendenkring spilet twa ienakters

Op freed 24 maart en sneon 25 maart 2023 presintearret de jongerein fan Toanielselskip Vriendenkring Jelsum-Koarnjum-Britsum twa ienakters! Oanfang beide jûnen 20.00 oere yn de Bining te Koarnjum.

KAN EEN EZEL DIT?

Skreaun troch Leon Brill

In Nederlânsk stik dat giet oer in groep bisten yn in ûnbestimde wachtromte. Allegear ha se in nûmerke lutsen en wachtsje se op feroaring. Wat die feroaring presys is of wannear ’t komt witte se net. Der sille se fansels wol efterkomme; as se mar ‘braaf’ wachtsjen bliuwe.

‘Kan een ezel dit?’ is in komyske licht absurde foarstelling oer it langstme nei feroaring en hoe’t dat langstme dy blyn meitsje kin foar wêr’st no bist.

Spile troch: Liza Sinnema, Tiemen Bonnema, Emily Althuisius, Femke Ettema, Ymke Koekebacker, Delmer Visser, Ise Riewald en Wessel Faber. Rezjy: Job de Roo, mei help fan Koen Hogewerf

 

JE MOEDER

Skreaun troch  Sofie Tseng, oerset troch Bauke Beert Keizer

‘Je moeder’ is in foarstelling wêryn te sjen is dat pubers klear binne mei harren âlden en eins mei alle folwoeksenen dy’t harren net serieus nimme en dogge as harren problemen debyl binne. Yn dizze foarstelling easket de jongerein lykweardigens. Dit bart op in yntelliginte, grappige en somtiden botte wize.

Spile troch: Mirthe Swart,  Esmee Sinnema, Jelmer Nicolay, Janny Haijma, Linde Hofman, Sido Faber, Jelmer van der Burg en Isis Hofman. (zie foto)

Rezjy: Job de Roo, mei help fan Koen Hogewerf