Algemeen

Jubileumboek Brassband ‘Looft den Heer’ Bitgummole

By de ôfsluting fan it muzikale seizoen 2019-2020 is it jubileumboek ‘Noch lang net útblaasd’ fan brassband ‘Looft den Heer’ fan Bitgummole ferskynd. 

De earste twa eksimplaren waarden útrikt oan Griet Rondaan-Stienstra en Griet Dijkstra-van der Schaaf, ta de neitins oan harren mannen Syds Rondaan en Ulbe Dijkstra, earelid fan de feriening, dy’t by harren libben in soad foar it korps betsjutten ha. 

‘Noch lang net útblaasd’ is skreaun nei oanlieding fan it 75-jierrich jubileum fan Looft den Heer, dat fanwege de bekende reden oan no ta net fierd wurde koe. De festiviteiten sille no, as it kin, plakha yn 2021. It boek beskriuwt yn wurd en byld de histoarje fan it korps, dat op-rjochte waard drekt nei de befrijing. Yn de ferpyldere tiid dy’t it doe wie, hie elke ‘gesindte’ syn eigen ferienings, dat wie yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum net oars. 

Ut dizze trije doarpen kamen de minsken fan de grifformearde tsjerke byinoar om in korps op te rjochtsjen en dat slagge mei help fan jeften út de eigen gemeente. Nettsjinsteande de drege jierren fyftich, doe’t in soad leden fanwege emigraasje, militêre tsjinst yn Ynje, of wurk om utens, it doarp ferlieten, hat der altyd in trouwe kearn fan blazers en stipers west dy’t de skouders der ûnder holden. Mear as ien kear ha de bestjoersleden har ôffrege oft it korps noch wol besteans-rjocht hie, mar alle kearen kamen se de minne tiid wer troch. Neiteam fan de earste bestjoersleden is noch altyd lid, of donateur. De nammen De Haan, Rondaan en Dijkstra binne fêst mei it korps ferbûn en ek Gerben Brouwer, Sape Wouda en Sietze Fokkema wurde noch geregeld neamd. Se moasten ris witte hoe’t harren klup der no foar stiet. In twadde divyzjeband dy’t klinkt as in klok en dêr’t noch altyd it biedwurd is dat wy it mei-inoar dwaan moatte en dat kwaliteit en wille hân yn hân gean. Anno 2020 wurde der noch altyd in soad aksjes holden om de feriening finansjeel sûn te hâlden. Dat slagget mei help fan de, ek noch altyd, tige trouwe achterban. Hoe’t ien en oar om en ta gien is yn de ôfrûne 75 jier, kinne jo lêze yn ‘Noch lang net útblaasd’. 

Bestelle by martsjedejong@gmail.com. De oplage is beheind, dat lit it jo net ûntkomme