Algemeen

Kollum: De stamhâlder

Ha jimme dat ek wol ris? Dat der in gedachte troch jins holle sjit. En dat jo dan fuort dêrnei tinke: “wêr komt dit no wei? Sa achterhelle, sa âlderwetsk, sa net fan dizze tiid.”

It oerkaam my juster. Bakker Mentje Bremer, ien fan ús bôlebakkers, is juster foar de tredde kear heit wurden. Nei twa dochters krigen hy en Nynke in soan. En wat sjit my troch de holle? Krekt: “no ha se in stamhâlder.” Om dus fuort dêrnei te betinken, dat dit in gedachte is, dy’t alhiel net mear by dizze tiid past. Stamhâlders, manlike wol te ferstean, wiene der earder om de namme troch te jaan. Hiel faak ek om it berop fan de heit letter oer te nimmen. Sels in generaasje foar ús wie dat noch hiel gewoan. Nico syn heit woe graach boer wurde. Mar as âldste soan fan in slachter moast er de slachterij fan syn heit oernimme. En it waard in goede slachter, dy’t it wurk altyd mei tagedienens dien hat. De stamhâlder - sa wichtich foar it fuortbestean fan de famylje. Gelokkich wie it in generaasje fierder al totaal net mear oan de oarder: alle 5 bern fan Sytse en Jet de Groot mochten wurde wat se woene. Allinne...dat de âldste dochter slachter waard, wat se miskien wol wollen hie,  dat wie 50 jier lyn dan noch krekt wer in brêge te fier.

It sit blykber noch djip ferankere yn ús genen, dat sa’n gedachte yn ienkear boppe komt. Niks gjin emansipaasje, niks gjin gelikense rjochten en plichten foar froulje en manlju. De jonge, de soan as dé stamhâlder. It jout des te mear oan, dat alles faak net sa simpel is, dan as it foarsteld wurdt. Fansels, de wrâld leit der al wer hiel oars foar as 75 jier lyn. En ek as 50 jier lyn. Us bern kinne it har net foarstelle, dat it foar in jonge belangriker wie om troch te learen, as foar syn susters. Se slane steil achteroer, as ik fertel, dat froulju ûntslach krigen, as se trouden. Myn mem moast nei de ULO de “kopklasse” fan de húshâldskoalle dwaan. Dêr koe se leare hoe’t se in goede húsfrou waard. En dat hat myn mem ek west, fanôf har tweintichste.

Doe’t ik op de middelbere skoalle siet, wie it ferskil tusken jonges en famkes wat it learen oangiet, der eins net mear. Famkes gongen hast sûnder útsûndering nei de oplieding, dêr’t se geskikt foar wiene. Al wit ik wol, dat ús heit (skoalmaster) soms prate moast as Brugman. “Wat moat ús dochter op de ULO. Húshâldskoalle hat se mear as genôch oan.” Mar lokkich wie de kreet: “Een slimme meid is op har toekomst voorbereid” ek by de measte âlders wol binnen kommen.

Yn dizze tiid slacht it de oare kant wol wer ris út. It liket soms wol, dat alle bern úteinlik op it HBO telâne komme moatte, of sels noch heger. Mar, krekt sa as it altyd al wie, net in bern is gelyk. En der binne bern, dy’t mei de praktyk folle better út de fuotten kinne as mei al dat gelear.

Fijn is it wol, dat der gjin ûnderskie is tusken “hy” of “sy” . Stamhâlder of net, it is net mear fan belang. Famkes wurde boer, of slachter, of wat se mar wolle. En jonges geane yn de soarch. Der is al in protte feroare. No noch der foar soargje, dat dy djipwoartele “foaroardielen” ek noch ris opromme wurde. Ik moast oan ús soan tinke, doe’t ik betocht hokker resept as ik nimme soe dizze kear. Opgroeid mei trije susters!  Mar as jonge hat er noch jierren iten foar ús sean, as wy wer ris let fan de saak kamen. En dat kin er omraak! Hy hat in skoftsje as favoryt “tosti’s”: hân, derom in pear resepten fan tosti’s.

Aziatyske tosti:
In sipel yn heale ringen snije en 5-10 menuten zacht bakke yn oalje. Fjouwer stikjes bôle besmarre mei nútsjesmoar (pindakaas) en in bytsje sambal. Dêr boppe op in plakje hinnefilet, wat taugé en de sipel. Op elkoar lizze en 5 menuten bakke yn in tostigrill of in tosti apparaat.

Pizzatosti:
Ming 75 ml tomatefrito (tomatesaus) mei 1 tl. italiaanske krûden, 1 tl. basilikum en in snufke sâlt en piper. Smar dit op 4 stikjes bôle. Snij in bol mozzarella yn plakjes, en ferdiel dit mei in 2 plakken tsiis, 4 plakjes salami en in heale snijde sipel op de bôle. Op elkoar dwaan en wer 5 menuten bakke.

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens