Algemeen
Kollum Etie Pasma: Alde Sije (32)
Wylde Tsjebbe, dy se it nijsblêd fan Hijum neame, stie op in kear by de grutte dyk oan it begjin fan de Mieddyk op lytse Sije te wachtsjen en frege him hoe it mei syn pake wie. ‘Dy wennet no by ús yn Marrum.’ sei er. Dat wie moai nijs foar Tsjebbe, want no hie er wer wat te fertellen yn it doarp.
As Tsjebbe der no wat oars fan makke hie of de Hijumers sels, dat wie net te achterheljen, mar it praat gie yn Hijum dat âlde Sije yn Marrum wie en bliuwe soe en net werom kaam op syn spultsje. Dêrtroch stie der op in jûn samar in jong stel yn Marrum, by Jelke en dy, op de stoepe. De jonge frege as er Sije Boskma wol wat freegje mocht. Dat mocht en Jelke noege har der yn.
De jonge stapte op de âld man ôf en fertelde dat se meikoarten de lapen gearsmitte woenen en om in hûs sochten yn Hijum en hy frege doe plan út: ‘Kinne wy dat spultsje fan jo ek keapje?’
De reaksje fan de âld baas wie dúdlik doe er sei: ‘Gjin sprake fan, as myn earm oer in wike as wat wer better is dan gean ik wer nei Hijum!’ It wie in mislearre reis fan it pearke en se wienen dan ek al gau wer fuort!
Oare Hijumers betochten dat se de âld man wol ris yn Marrum besykje koenen en dat foel der wol yn, want as Jelke oan it wurk wie, lytse Sije nei skoalle en Styntsje har deistige dingen die, dan woe hy wol ris in prater ha!
Op in jûn brocht, sa as ôfpraat, resersjeur Wytsma in besykje oan de Boskma’s yn Marrum, om it lêste nijs troch te jaan. Hy fertelde dat de kremaasje fan de dieders yntusken yn besletten rûnte west hie en dat it net foar de rjochter komme soe, omdat se beide ferstoarn wienen. Dat koe elk begripe.
Wytsma fertelde oer skeade-posten en skea-fergoedingen, want dy koenen op de famylje fan de dieders ferhelle wurde. Wat de kosten fan it sikenhûs en de soarch oangie, dat gie automatysk nei de soarchfersekeringen ta, mar dit net en dêrom koenen se besykje om dat fan de famylje te krijen.
Alde Sije wie der sa te sjen gau út, want hy skodde syn holle. Jelke sei: ‘Heit lit al merke dat soks net hoecht. Sa folle is der ek net vernield en gelokkich wurdt heit wer hielendal better!’
‘Wat sizze jo der fan Boskma?’ frege Wytsma, dy it út syn eigen mûle hearre woe. ‘Jelke hat it goed sein en ik wol der fierder gjin wurden mear om soarch meitsje!’ sei er. Sa naam Wytsma ôfskie fan de famylje Boskma mar sei noch wol, dat sy, mocht der noch wat wêze, altyd in berop op him en syn mannen dwaan mochten.
Wytsma wie noch net earlik klear, hy moast ek noch nei Amsterdam, want ek dat hie er ta sein. No hie er dat oan de kollega’s yn Hollân oer litte kinnen mar dat stie him tsjin. Hy hie úteinlik harren saak behandele! Wol besocht er it earst noch oer de tillefoan te regeljen mar doe Elske, dy de tillefoan op pakte, hearde dat hy it wie sei se: ‘O Wytsma, goeie. Jo woenen in ôfspraak meitsje, in momintsje, ik sil de agenda der efkes by pakke!’ Doe koe er net oars, fûn er en hy pakte syn agenda der ek by. Op de plande datum skille hy oan by de famylje Sietsma yn Amsterdam.
Elske die iepen en noege him der yn. Yn de keamer sieten Pyt en noch in man en in frou en Elske stelde harren foar as harren buorlju, Bauke en Liesje. ‘Sy binne de eigners fan de karavan op de kamping yn de Wâlden en sy woenen der graach by wêze.’ sei se.
‘As dat jimme goed is, dan is it my ek goed,’ sei de plysjeman, ‘mar ik gean net it hiele ferhaal fan foarren of oan wêr fertellen, mar dat ha jim sels tink ik al dien, net?’ ‘Ja, dat ha wy al ferteld.’ ‘Moai, dan gean ik no fierder!’
Etie Pasma
Stiens 2025 (32)
It hiele ferhaal fan âlde Sije is te lêzen yn dit boekje, dat te bestellen is op tillefoan nûmer
06-13783818
Laatst geplaatst
Agenda
-
Za 4 oktober
-
Zo 5 oktober
-
Za 11 oktober
-
Zo 12 oktober
-
Ma 13 oktober
-
Di 14 oktober