Algemeen

Kollum HvdP: Simmerfakânsje

(in stikje út it fakânsje ferslach 2025) By oankomst op kamping De Tjasker yn Wikel waarden wy op’e daam opwachte troch de gastfrou. In jonge frou fan middelbere leeftiid mei in hertlike útstrieling. Altyd op’t skik en hja mei der ek wol wêze. Docht wol bliken, om’t ik mannich mannen seach dy’t har yn it foarbygean noch efkes oer it skouder efternei seagen. No moat ik der ek by sizze dat de gasthear der net foar ûnder docht en ek faak yn it selskip fan “vrouwelijk schoon” is, al as net mei rollator.

Ek dit jier mochten wy ús wer trije wiken fermeitsje op plakje seis, foar ús it moaiste plakje op dizze kamping. Op plakje ien kamen wy dit jier oma wer tsjin. Oma, dy’t gewoan Janny hjit en út NH komt, stiet al mear as 25 jier op dizze kamping en heart sadwaande hast by de ynventaris. Troch sykte hat sy foarich  jier it sitte litten. Mar, sa’t sy sels seit, kin se der wer jierren tsjinoan. Op plakje twa wie it in gean en kommen fan minsken en siet der gjin fêstichheid yn. Sadwaande bleau it by plakje twa meastal by goemoarn, goemiddei, as hân opstekke. Op plakje trije stie net dyjinge dy’t wy der ferwachte hienen. Stie foarich jier dêr de hokkieman Gert mei syn frou Suus, no stie Tsjitske dêr. It lei yn de bedoeling dat de hokkieman wer op plakje trije stean soe, mar dat rûn oars. Harren karavan stie al te plak en Gert wie al wakker dwaande om de “garderobe” fan Suus yn harren optrekje te bringen, doe’t hy mei in leadswiere tas fol frouljusskuon oer de wrâld rekke en hjirby syn heup bruts. It waard dêrom gjin plakje trije mar it sikehûs yn Snits. Sadwaande stie Tsjitske no op plakje trije. Tsjitske, in frou fan begjin pensjoen, hie in jier as wat ferlyn har man efter litten om wer op’e nij te begjinnen. Wat sy dêr mei bedoelde wit ik net, want sy húsmanne noch hieltyd allinne yn har karavan om. 

Doe’t ik mei har oan de praat rekke wie sy drok dwaande har toiletrûmte, dêr’t har toiletamer stiet, oan it dweiljen om’t der in pear spatten op’e flier telâne kaam wienen. Tjitske sil dochs net bûten de pot pisse ha? 

Plakje fjouwer waard alwer foar it safolste jier bewenne troch Yme en Gepke mei harren hûntsje Noah. Gepke hie al it nedige foar de kiezzen hân wat de sûnens oanbelanget, mar bleau de fleurige kant it neist. Yme wie in protte dwaande mei it wrâldbarren dêr’t ik foar in grut part yn meigean koe. Mar hja wienen foaral dwaande mei wat de hegere machten foar goeds dienen en dan foaral datjinge wat minsken te wachtsjen stie as hja de eagen foargoed sluten hienen. Hjir siet ik net mei harren op ien line. Ik neamde him dêrom ek mar de evangelist fan de kamping. Hja húsmannen mei harren trijen yn in karavan dêr’t de ynhâld grutter fan wie dan de measte evangelisaasje geboutsjes dy’t der yn Fryslân stien ha. 

Nei Yme en Gepke kamen in stel oansetten mei in, yn myn eagen, frjemde karavan. Nijsgjirrich as ik wie frege ik harren as der ek in brûs yn siet. Nee dus. It dy bliken dat der net iens in húske yn siet. Der siet hast neat yn. Wol siet der in ynrin kast yn, wat neffens de frou beslist nedich wie. Doe’t sy de doar dêrfan iepen die seach ik in rek fol klean hingjen, dêr’t sels de garderôbe fan de frou fan de hokkieman it tsjin ôflizze moast. Nei in wike binne hja wer fuort gong. Sy soenen noch nei Aruba, sûnder de unike karavan wol te begripen. De frou sels haw ik oars net rinnen sjoen dan yn in brune koarte broek as in túnoveral. 

Martha, in widdofrou út Grins stie wer op plakje fiif. Sy wie bliid dat wy der wer wienen. Geartsje en Martha kinne it o sa meimekoar fine. Op tiid in wyntsje en in hapke en gesellich praat. Nei’t Martha wer op Grins oangie kaam der in Kip karavan it fjild op riden mei in frommeske dy’t foar de auto útrûn. It wienen de fertroude gesichten fan Frans en Olga. Foarich jier stienen sy der ek. Olga in fleurich frommeske en Frans in pracht man dy’t foar in part yn de sechstiger jierren hingjen bleaun is.  Foarich jier wienen se wakker op’t siik nei in karavan dy’t smeller wie dan harren auto en sy sûnder ekstra spegels ride koenen. It is harren slagge. It waard in “kippetje”. Under it motto fan: “as de auto der troch kin, kin de karavan der ek troch”, wie de keap oangien 

En wy kamen wer telâne op plakje seis fan de seisentweintich. In gaadlik plakje op’e  hoeke fan it grutte fjild, mei útsicht oer de landerijen. In plakje dat ek foar takommend jier foar ús fêstlein is.

Want ek dizze trije wiken wienen samar om

hfdp@kpnmail.nl