Algemeen

Kollum: Maitiid 2020

Is it jimme opfallen, dat wy de lêste wiken opfallend moai waar hân ha? Oké, it wie misskien net hiel waarm, soms sels kâld. Mar elke dei in blauwe loft, elke dei de sinne. Witte jimme noch, dat wy noch net iens in moanne lyn it gefoel hiene, dat der net in ein oan dy lange, lange hjerst komme soe. Mei hurde wyn, rein...Raar dat dingen sa hurd feroarje kin. Dat de wrâld sa hurd feroarje kin. Dat se sa feroaret, dat wy amper yn de gaten ha, dat de sinne skynt. Dat it maitiid wurdt. Sels Peaske liket ûnwerklik. By Peaske hearre nije klean, in nij begjin, in frisse start fan in seisoen mei sinne en waarmte. Klean keapje? Wy tinke der net oan. Of it moat al fia ynternet wêze. 

Wy libje sûnt in oantal wiken yn in nije wrâld. In stille wrâld. Nea witten hoe stil as in doarp wêze kin. Hoe raar is it, om mei in bôge om immen hinne te rinnen. Mei immen te praten, dy’t twa meter fierderop stiet. Hoe ûnwennich is it yn de supermerk. Men is mear dwaande mei it ûntwiken fan oare minsken, dan mei de boadskippen. Elke kear ferjit ik wer dingen, om’t ik de kop der net by ha. No ja, dêr is fansels in oplossing foar: gewoan in boadskippebriefke meitsje. 

Mar ik merk, dat it net allinne de supermerk is, dy’t my út myn gewoane dwaan hellet. It is de hiele sitewaasje. Wy binne sa gelokkich, dat wy ús wurk noch dwaan kinne. Us bakkers bakke noch en ús froulju steane noch yn de winkel. Ik wurkje altyd al in pear dagen thús, en dat is no net oars. Nee, net oars as oars, en dochs is alles oars. Nei de earste hamsterdagen kaam der stilte. In stilte, dy’t no wer opfuld wurdt. Om’t de minsken der dochs wol even út wolle. Dochs wol even dat sosjale praatsje hawwe wolle yn de winkel. Ek al moatte se soms earst bûten wachtsje, om’t der mar trije klanten tagelyk yn de winkel meie... Eins soe ik no dus wer yn myn “gewoane dwaan” wêze kinne. Mar ik bin it net. Gjin-ien is it. Want fansels is de fraach: “krij ik it ek? En as ik it krij, hoe dan? En hoe komt it dan mei ús winkel?” Dan is der dy ûnsekerheid. Want hoe rint dit ôf en wannear rint dit ôf? Hoe sjocht de wrâld der nei Corona út. Der is gjin andert op te jaan. Hoe komt it mei ús horekaklanten, dy’t no allegearre de doarren ticht hawwe. Hoe komme hja út dizze krisis? Wy sille it nei alle gedachten (finansjeel) wol oerlibje, al leverje ek wy uteraard yn. Mar dy minsken dy’t no de doarren hielendal ticht ha, hoe rêde dy it? Ik tink oan myn kapper, myn pedikure en al dy oaren, dy’t fan de ien op de oare dei gjin wurk mear hawwe. Nee, wy binne ússels net op it heden. Ik merk it oan my sels. Ik meitsje mear fouten as oars. Dingen net goed lêze, dingen ferjitte. Minder konsintraasje, it lêzen fan in boek kostet al muoite. Ik fyn it eins ek wol prima, dat der bûten it wurk fierder “neat” mear is. It kostet my al muoite genôch om dat wurk goed te dwaan. Sil dit wenne? Dit ûnheimische gefoel? It sil noch wol even duorje, safolle is wol seker. As wy in moanne fierder binne, fielt it dan oan as “gewoan”? De tiid sil it leare. “Noch even folhâlde”. Wy dogge ús bêst, menear Rutte. Ha wy in oare keuze?

Resept: lekker oan de gong mei in hearlike bananecake. 

Ingrediënten:
100 g. bûter, op keamertemperatuer
225 g. selsrizend bakmoal
snufke sâlt
1 tl. kaniel
100 g. brune basterdsûker
150 g. rezinen
2 aaien
2 ytl. huning
3 ripe bananen

Kneed de bûter en it moal tusken de fingers oant it mingsel begjint te krommeljen. Doch it sâlt der by, it kaniel en de rezinen en ried it troch elkoar. Klopje de aaien los en ried se mei de huning troch it mingsel. Prakje de bananen fyn yn in komke. Doch dan de bananen by it beslach en ried alles nochris goed troch elkoar. Jit it mingsel yn in cakefoarm, dy’t goed ynfette is. Bak de cake gear yn in foarferwaarme oven op 175°C. Dit duorret ûngefear in oere. De cake is klear as in satéprikker der skjin útkomt.

Ek lekker mei in hantsjefol grof hakke walnuten troch it beslach.

 

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.

 Zie ook de advertentie op pagina 2