Algemeen

Nije subsydzje foar ynnovative Fryske boeren

Ynnovative ideeën foar de ûntwikkeling fan it Fryske plattelân drage by oan ús brede wolfeart en it lok fan de mienskip. Fan 5 july 2021 ôf kinne wer subsydzjes oanfrege wurde foar ynnovative projekten dy’t bydrage oan it duorsumer meitsjen fan de Fryske lânbou. De regeling past by it konsept foar de Fryske Lânbou-aginda dy’t op 19 maaie oan it publyk presintearre is. Fryske boeren kinne yn it ramt fan it Plattelânsûntwikkelingsprogramma (POP3+) sa harren eigen ûndernimme fuortsterkje en ûntwikkelje. Sy drage sa ek by oan de fiifde, griene stjer fan de Fryske lânbou.

Takomstperspektyf plattelân

De Fryske Lânbou-aginda stribbet nei in nij takomstperspektyf foar ús mienskip dêr’t ús boeren in wichtige rol yn spylje. It subsydzje hat as doel boeren en harren fertsjintwurdiger te stimulearjen ynnovaasjeprojekten út te fieren foar ien of mear fan de neikommende tema’s: nije fertsjinmodellen, it behear fan produksjerisiko’s, it sluten fan rûntegongen, klimaatmitigaasje, klimaatadaptaasje, bistewolwêzen, it fuortsterkjen fan bioferskaat, boaiemkwaliteit en omjouwing. Tink bygelyks oan nije aaiwyttylten, produksjemetoade foar it feangreidegebiet of foar de befoardering fan boaiem bioferskaat. It subsydzje kin beskikber steld wurde oan in gearwurkingsferbân dat op syn minst út ien boer of in organisaasje dy’t boeren fertsjintwurdiget bestiet.

 

Deputearre Lânbou Klaas Fokkinga: “Om de fiifde griene stjer helje te kinnen, is ynnovaasje fan grut belang. De konsept lânbou-aginda sketst de aksjes dy’t gong efter dy stap sette kinne. Ynnovaasje is dêr in driuwende krêft efter. Mei dizze finansjele stipe hoopje wy nije projekten mooglik te meitsjen. Fryske boeren wurde fan herte útnûge om dêr gebrûk fan te meitsjen.”

 

Subsydzje oanfreegje

De subsydzjes kinne fan 5 july 2021 oant en mei 7 oktober 2021 oanfrege wurde, fia it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN):  https://www.snn.nl/landbouw/samenwerking-voor-innovaties-fryslan-2021 It minimumbedrach de oanfraach is 150.000 euro. It hiele budzjet foar de subsydzjes is 1.000.000 euro.