Algemeen

Nijs Fûgelwacht Stiens e.o.

It neisoarch-seizoen is wer los, mei as doel it beskermjen fan ús greidefûgels.

Ien soarte dêrfan is de strânljip (de Scholekster) en die dogge it de lêste jierren net al te bêst.

Om se te beskermjen tsjin in tal predatoaren, is betocht dat der nêstplato’s makke wurde kinne dêr’t dizze soarte de aaien op lizze kin. Dêr hat Jouwert de Vries efter syn wenning in pear fan makke en delset. Mei dit as moai resultaat. In nijsgjirrige foto. En no mar hoopje dat se it rêde, want de predaasje kin ek wjukken hawwe fansels λ