Algemeen
Tonielferiening It Hantumer Ploechje spilet it stik ‘Geastich’
Tonielferiening It Hantumer Ploechje spilet op freed 26 jannewaris en op sneon 27 jannewaris it stik ‘Geastich’, in absurde komeedzje yn 2 bedriuwen.
Dizze komeedzje is hiel wat oars, dan ‘t jo oer it algemien wend binne. It stik folget in toanielselskip dat de ienakter “Geastich” oan it repetearjen is. Jo binne oanwêzich by de repetysjes en sjogge alle fasetten fan it ynstudearjen fan ‘e tekst en de mise-en-sêne op oanwizings fan ‘e regisseur. Derneist meitsje jo ek de hiele gong fan saken mei, fan wat der allegearre wol net mis gean kin yn in repetysjeperioade.
De ienakter giet oer Romke, al tritich jier dea, dy’t op besite giet by syn (oer)pakesizzers. Hy is foar gewoane minsken net te sjen. De besite is Romke fan “boppen” oplein, om in misse set, dy’t er yn syn ierdske libben makke hat, rjocht te breidzjen. Sa’t al sein is, Romke is ûnsichtber en rint dan ek frij tusken de oare spilers troch, sûnder dat ek mar immen him sjen kin en sûnder dat immen syn kommentaar hearre kin, wat er hieltiten op alles hat. Allinne syn oerpakesizzer Sylvia, kriget de skrik fan har libben. Sy kin Romke wol sjen en hearre. Koartsein, in apart ferhaal, der ’t in soad om lake wurde kin.
Wy sjogge jo graach op 26 jannewaris as op sneon 27 jannewaris yn Doarpshûs ‘d Âld Skoalle yn Hantum. It stik begint om 20.00 oere
Laatst geplaatst
Agenda
-
Vr 11 oktober
-
Zo 13 oktober
-
Ma 14 oktober
-
Di 15 oktober
-
Wo 16 oktober
-
Do 17 oktober
-
Do 24 oktober